Ingelsktalige publikaasje lit nij ljocht skine oer iermidsiuwske Friezen

juny 24, 2021 08:44

Dizze wike ferskynt de Ingelsktalige publikaasje Frisians of the Early Middle Ages. De bondel is inisjearre en redigearre troch prof. John Hines fan Cardiff University (Wales) en dr. Nelleke IJssennagger–van der Pluijm fan de Fryske Akademy. Frisians of the Early Middle Ages foarmet it tsiende diel fan de rige Studies in Historical Archaeoethnology. ‘Friezen’ wurde hjirmei tusken de oare iermidsiuwske groepen en kultueren fan Noardwest-Europa pleatst en op it ynternasjonale poadium set.

De publikaasje is it resultaat fan in gearkomste yn 2018 yn Ljouwert, dy’t yn de kontekst fan it jier fan Kulturele Haadstêd holden waard. Foar IJssennagger-van der Pluijm is it is har earst publikaasje yn har nije rol as direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy en it toant har ambysjes foar de takomst.

Boarne: Boydell & Brewer

Iepen útwikseling
Nelleke IJssennagger: “De publikaasje lit sjen hoe’t iepen útwikseling tusken wittenskippers út ferskate lannen en tradysjes bydraagt oan de bestudearring fan in oansprekkend tema as de iermidsiuwske Friezen en iermidsiuwsk Frisia. Tagelyk meitsje de bydragen yn de bondel sichtber hoe wichtich oft it lange-termynperspektyf is foar it begryp fan dat tydrek en it ferskaat fan wat wy ûnder ‘Fries’ fersteane. De sterke ynbring fan it ûndersyk fan de Fryske Akademy makket dúdlik hoe’t wy ús ûndersyk lâns ynterdissiplinêre, ynternasjonale en komparative linen útsette, fan de unike ekspertize fan de Fryske kasus út. Dêr is sawol yn ús eigen regio as ynternasjonaal ynteresse foar en de Fryske kasus fungearret dêr as sintrale skeakel yn.”

Fan de Fryske Akademy skreaune neist de direkteur ek prof. Gilles de Langen, prof. Hans Mol en dr. Han Nijdam mei oan de publikaasje. Mei-inoar bestrike tolve wittenskippers út Nederlân, Dútslân, Ingelân en Wales, yn de bondel tema’s dy’t fariearje fan lânskip en materiële kultuer oant taalûntjouwings, runen en byldfoarming yn tekstuele oerlevering.

Grutter gebiet
Prof. Arjen Versloot, heechlearaar Germaanske taalkunde oan de Universiteit van Amsterdam en liearre oan de Fryske Akademy, skreau ek oan de bondel mei. Versloot: “Dit boek is in prachtige bydrage oan de ynterdissiplinêre bestudearring fan de iere skiednis fan Fryslân, de Friezen en it Frysk.” De bydrage fan Versloot lit sjen dat der in dield Anglo-Frysk taalkluster wie, dêr’t fan de 7de iuw ôf hyltiten mear ferskil yn kaam, en dêr’t de sprekkers ek oer in grutter gebiet as it histoaryske Frisia fan ferspraat wiene.

Dat der ek yn Noard-Nederlân ynteresse is foar in Ingelsktalige publikaasje hat al bliken dien. De Vereniging voor Terpenonderzoek, dy’t de bondel mei mooglik makke, seach de eksimplaren dy’t se foar de ferkeap ûnder har leden reservearre hie yn minder as in oere útferkocht.

It 438 siden tellende boek is foar € 90,- te bestellen fia: boybrew.co/FrisiansMA. By it brûken fan de koade BB921 is der tydlik in koarting te krijen fan 35%.

 

juny 24, 2021 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.