Provinsje wol advysorgaan Dingtiid fertelle wat it advisearje mei

juny 10, 2021 12:11

Dingtiid is in offisjeel ynsteld orgaan, dat de oerheid advys jout oer it belied oangeande de Fryske taal. Lykas syn foargongers it Konsultatyf Orgaan Frysk en it Berie foar it Frysk jout it advys as oerheden dêrom freegje, mar ek as it sels tinkt dat dat nuttich is. Beide foarmen fan advys hearre by de wetlike taal fan Dingtiid. De leden fan it Dingtiid binne saakkundigen op it mêd fan rjocht, wittenskip, taalbelied en Fryske taal.

Dy advizen dêr’t net om frege is, lykje de provinsje yn ’e wei te wêzen. Deputearre Steaten skriuwe oan Provinsjale Steaten (de Fryske folksfertsjintwurdiging) dat it provinsjebestjoer Dingtiid fertelle sil wat foar advizen oft it útbringe mei. DS skriuwe:

“Om it midden te finen tusken de ûnderfining fan de provinsje en de rol dy’t DINGtiid foar har sjocht yn de kennisynfrastruktuer, moat neitocht wurde oer de stappen dy’t set wurde moatte om dat te berikken. Dizze stappen binne noch net folslein úttocht, mar bestjoerlik is oanjûn dat it winsklik is al in reaksje te jaan op harren advys. Dêr yn wurdt oanjûn hokker advizen de provinsje wol, hokker net, en op hokfoar manier de advizen opfole wurde sille.”

Troch oan Dingtiid te fertellen hokker advizen oft de provinsje net wol, besiket de provinsje om Dingtiid derfan ôf te hâlden om net-frege advizen út te bringen, wylst dat wol ien fan de wetlike taken fan Dingtiid is.

It brief fan Deputearre Steaten giet oer twa advizen fan Dingtiid, dy’t it provinsjebestjoer net opfolgje wol. It earste is dat de provinsje mear kontakt mei skoallen en mei de ûnderwiisynspeksje hâlde moat en stjoerender wêze moat om skoallen sa fier te krijen dat se bettere lessen Frysk jouwe. (Sjoch ek dit artikel.) It twadde advys is dat de provinsje de Fryske kennisynstituten (lykas Fryske Akademy en Tresoar) just mear romte jaan moat om in langetermynbelied fêst te stellen as no.

It brief fan Brok is hjir te lêzen.

juny 10, 2021 12:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga juny 10, 12:34

    En dan is Arno Brok dochs wer in echte VVD’er, dy’t in oar de mûle tichtdwaan wol. Soe hy tinke, ik bin de baas fan Fryslân en ik haw it te sizzen? Ferjit it mar, hear Brok, it Fryske folk is de baas en mei jo altiten rie jaan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.