Provinsje skouderet advys Dingtiid om ferbettering lessen Frysk te ferplichtsjen (rektifikaasje)

juny 11, 2021 15:35

De provinsje Fryslân stribbet dernei om it foech oer de lessen Frysk op skoalle fan it Ryk oer te nimmen. Dat stiet yn it saneamde Bestjoersakkoart fan de provinsje Fryslân. De provinsje wol dat foech lykwols net brûke om de skoallen ta better ûnderwiis te ferplichtsjen, hoewol’t Dingtiid dat wol advisearre hat.

Dingtiid is it offisjele advysorgaan fan de oerheid op it mêd fan de Fryske taal. De provinsje hat Dingtiid yn oktober 2020 de opdracht jûn om in advys út te bringen oer de bêste manier hoe’t de provinsje de lessen Frysk ferbetterje kin. Dingtiid hat ûndersyk dien op Fryske skoallen en konkludearre dat de provinsje te min mei yndividuele skoallen en tefolle mei skoalkoepels praat. Fierders skriuwt Dingtiid dat de provinsje better mear mei de ynspeksje oerlizze kin. It algemiene advys fan Dingtiid oan de provinsje is om mear baas te spyljen as oant no ta it gefal is. Dingtiid tinkt ek dat it foech oer it fak Frysk it bêste by de provinsje bliuwe kin.

Dat wol it provinsjebestjoer net, skriuwt kommissaris Arno Brok yn in brief oan Provinsjale Steaten. Neffens him wurket it besteande belied better om de kwaliteit fan it ûnderwiis te ferheegjen.

WIZIGING 11 JUNY 2021: yn in eardere ferzje fan dit stik stie dat it stribjen fan de provinsje nei foech oer it fak Frysk yn it Bestjoersakkoart tusken Ryk en provinsje stie. It stiet lykwols yn in oar dokumint, fan de provinsje sels, dat ek Bestjoersakkoart hjit.

juny 11, 2021 15:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.