Provinsje lûkt ûndernimmers oan

juny 30, 2021 11:23

Bedriuwen dy’t har yn Fryslân fêstigje wolle of dy’t útwreidzje wolle, kinne fan 12 july 2021 ôf by de provinsje in oanfraach dwaan yn it ramt fan de regeling ‘Vestiging en circulair ondernemerschap Fryslân 2021-2022’. Dêr wol de provinsje bedriuwen mei oanlûke dy’t bydrage oan de sirkulêre ekonomy en de brede wolfeart yn Fryslân. Der is € 1,4 miljoen beskikber.

Deputearre Sander de Rouwe: “Fryslân wol de meast sirkulêre regio fan Europa wurde. Dat kin troch ynnovatyf ûndernimmerskip te stimulearjen. Dizze regeling jout dêr mooglikheden ta.”

De regeling draacht by oan in oantreklik fêstigingsklimaat. Mei it oanlûken fan bedriuwen wol de provinsje wurkgelegenheid foar starters, jonge professionals en harren famylje behâlde.

De subsydzje is fan 12 july 2021 oant en mei 31 desimber 2022 oan te freegjen. Mear ynformaasje is te finen op www.fryslan.frl.

juny 30, 2021 11:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.