Provinsjaal ekologysk bermbehear ûnder fjoer
Resint ferskynd

Foto © FNP Fryslân
Der binne klachten oer it meanen fan de bermen oan de provinsjale diken. De iene helte wol dat alles ‘netsjes’ en keal is, de oare helte steurt him deroan dat de ekologyske blomme- en plantestripen ûnmeilydsum plat meand wurde en dat net de hân holden wurdt oan it meanbelied dat yn 2011 fêssteld is.
By dat belied stie feiligens foarop, mar tagelyk ek ekologysk bermbehear mei mear blommen en flinters. Der soe jierliks twa kear meand wurde yn stee fan faker. Foar floara en fauna soene stripen stean bliuwe. Dêr soe € 150.000 it jier mei besparre wurde.
Op 26 maaie 2021 hat Provinsjale Steaten it nije Provinsjaal Programma ferbettering Bioferskaat fêststeld. De FNP-fraksje is fan miening dat it no tsjinstridich oerkomt dat de Provinsje in soad publisiteit jout oan it Programma Bioferskaat, bijelinten ensafuorthinne, en dat it ûnderwilens oer it bermmeanen klachten reint.
Ut namme fan de FNP-fraksje hat steatelid Wopke Veenstra juster de saak fan it bermmeanen yn omtinken fan de deputearren Fokkens en Hoogland brocht troch skriftlike fragen yn te tsjinjen. De fraksje wol dat ûndersocht wurdt oft de ôfspraken mei de meanbedriuwen noch wol neikommen wurde en oft it kolleezje wol fan doel is om fol yn te setten op yntegraal en ekologysk bermbehear, foar natuer, duorsumheid, lânskip, lânskipsbeleving en biodiversiteit en wat it deroan docht om leanbedriuwen, gemeenten en it Ryk dêryn yn mei te krijen c.q. wer op te skerpjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje