Presintaasje ‘Sipke op it keatsfjild’
Resint ferskynd
Op freed 2 july presintearje de Afûk en Rubinstein yn gearwurking mei it Keninklik Nederlânsk Keatsbûn it Gouden Boekje: Sipke op het kaatsveld / Sipke op het keatsfjild.
Topkeatser Tjisse Steenstra en auteur Lida Dijkstra jouwe it boekje kado oan trije jonge keatsende Sipkes, foarôfgeand oan de finale (tusken 18.00 en 19.00 oere) fan de hearen haadklasse by keatsferiening De Pompeblêdden op It Hearrenfean (Binnenweg 3D, parkearje restaurant Hof van de Koning).
Oer it boek
It jierlikse famyljekeatsen is yn folle gong. Sipke sjocht fol spanning ta hoe’t it partoer fan pake Pipermûs it opnimt tsjin de iikhoarntsjes. Oant ynienen muoike Aaf it ankel ferkloft, en net fierder spylje kin. Pake ropt Sipke it fjild yn. Mar ús lytse pipermûs hat noch noait keatst! Kin er de wedstriid rêde…..?
Het jaarlijkse familiekaatstoernooi is in volle gang. Sipke kijkt ademloos toe hoe het team van zijn Opa Spitsmuis het opneemt tegen de eekhoorns. Tot plotseling tante Aaf haar enkel verzwikt en niet verder kan spelen! Dan roept Opa Sipke op het veld. Maar de kleine spitsmuis heeft nog nooit gekaatst! Kan hij de wedstrijd redden…..?
Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild is alwer it fjirde boekje yn de searje oer de lytse pipermûs Sipke. De twatalige boekjes binne makke yn gearwurking mei de Afûk.
Boekgegevens:
Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild
Auteur: Lida Dykstra / Yllustraasjes: Harmen van Straaten | Utfiering: Ynbûn | ISBN: 978 9047 628583 | Ferkeappriis: € 8,99
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje