Praat mei oer it Frysk taalbelied fan de gemeente Opsterlân
Resint ferskynd
Ynwenners útnûge om ynbring te jaan
De gemeente Opsterlân fernijt it taalbelied. De gemeente freget ek ynbring fan de ynwenners. Op tiisdei 8 juny binne ynwenners fan de gemeente Opsterlân wolkom om yn in digitale gearkomste mei te praten oer it Frysk taalbelied.
Taal: we brûke it allegear alle dagen. Bewust en hiel faak ek ûnbewust. Wethâlder Libbe de Vries: “Us Fryske taal is foar de kultuer en identiteit fan de mienskip fan grutte wearde. Taalbelied moatte jo net sjen as ‘papieren werklikheid’ mar as ‘deistich yn praktyk bringe’.”
It foarige Fryske taalbelied komt út 2013 en is ferâldere. Dêrom wurdt it belied fernijd en oanpast nei hjoeddedei. De gemeente wol dêrfoar yn petear mei elk dy’t him ferbûn fielt mei de gemeente en it brûken fan taal troch de gemeente. Ynwenners, organisaasjes, ûndernimmers en ferienings, mar ek meiwurkers, riedsleden en bestjoer fan de gemeente prate mei oer dit ûnderwerp. Dat smyt tema’s op dy’t de basis foarmje foar it nije belied.
Op tiisdei 8 juny om 19.30 oere organisearret de gemeente Opsterland in online gearkomste foar de ynwenners. Hokker taal brûke de ynwenners it leafst yn kontakt mei de gemeente? Yn hokker taal wolle minsken oansprutsen wurde? Wat fine minsken belangryk as it om taal giet? Ynwenners fan de gemeente binne fan herte wolkom om mei te praten oer taal en Frysk yn it bysûnder. De gearkomste is dêrom ynteraktyf. De lieding is yn hannen fan Annewiep Bloem.
Dogge jo mei? Meld jo oan fia communicatie@opsterland.nl of 0512-386 222. Jo krije dan in link foar de gearkomste tastjoerd.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje