Pieter Omtzigt is út it CDA stapt

juny 12, 2021 17:41
Pieter Omtzigt (foto: Wikipedia – publyk domein)

Pieter Omtzigt is gjin lid fan it CDA mear. Hy sil ek net langer diel útmeitsje fan de CDA-fraksje yn ‘e Twadde Keamer. Ynstee wol er as selsstannich Keamerlid fierder.

Tongersei waard in tige kritysk ferslach fan Omtzigt oer it riden en farren yn it CDA iepenbier makke. It stik wie ornearre as ynterne krityk, mar bedarre by de parse. Neffens Omtzigt makke de notiidske situaasje it dreech foar him om fierder te funksjonearjen yn it CDA.

Omtzigt hat safolle foarkarssitten krige dat er allinne al goed is foar fiif Keamersitten. Op it stuit is er lykwols siik en hy ferwachtet dat it noch wol efkes duorje kin ear’t er wer oan it wurk kin.

juny 12, 2021 17:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.