Pier Bergsma: In nij en soarchlik Deltaplan

juny 17, 2021 17:14

Foto PB

Skôging

Op 8 maaie 1958 waard de Wet op het Deltaplan troch Keninginne Juliana ûndertekene. Der wie net ien dy’t oan nut en needsaak twivele. By myn witen is der nea oer tocht om de befolking te freegjen wat dy derfan fûn. Mar de demokratyske wrâld leit der yn 2021 oars hinne.

Yn desimber 2020 frege de Twadde Keamer om in ‘Deltaplan van en voor het Noorden, een deltaplan dat bijdraagt aan het groeivermogen van Nederland’. De fjouwer noardlike provinsjes sjogge neffens berjochtjouwing mooglikheden om 220.000 wenningen te bouwen boppe de 100.000 dy’t se al fan plan binne. Ik behein my ta Fryslân. Dêr soe it gean om 45.000 wenningen.

Wy libje net mear yn de fyftiger jierren fan de foarige iuw en sadwaande wie de bedoeling fan ús provinsjaal bestjoer om de gelegenheid te bieden op in politike gearkomste fan woansdeitejûn 16 juny yn te sprekken oer dit plan. Dat is skrast. De Ried fan de Fryske Beweging hie der graach gebrûk fan makke.

De huver om it folk te rieplachtsjen is begryplik. ‘It’ folk bestiet net en de belangetsjinstellingen binne grut. Ynwenners fan Drachten sille bliid wêze, want as it trochgiet, betsjut it de realisaasje fan de Lelyline, in nije treinferbining tusken Grins en Lelystêd fia Drachten, it Hearrenfean en Emmeloord. Dan bist 40 minuten earder op Schiphol. Fryske oannimmers wriuwe har ek yn ’e hannen: foar jierren brea op ’e planke. Fansels wize de foarstanners op de ekonomyske groei dy’t anneks is mei dit Deltaplan. It soe gean om in jierlikse produksjegroei fan 24 miljard.

Miskien binne de beswieren wol grutter. Wy libje yn ús ‘stedsteat’ Nederlân no al mei te folle bebouwing, mei te folle kij, bargen en hinnen, mar benammen mei fiersten en fierstente folle minsken. Alle prognoazen fan it Centraal bureau voor de Statistiek geane derfan út dat de befolking de kommende tsientallen jierren noch groeie sil troch ymmigraasje. Us regear hat de lêste moannen de mûle fol oer “macht en tegenmacht”. Ik freegje my ôf oft wy alles mar oer ús hinne komme litte moatte. De grinzen fan wat ús lân oankin binne al lang út it sicht rekke.

Yn Ljouwert hinget op it spoarstasjon in plakette út 1952 ‘De minsken wolle ornaris wêze hwer’t se net binne”. Dat is tapaslik op de problematyk dêr’t wy mei wrakselje. Boppedat: wa wiist ús de wei. Op 14 oktober 2010 is it Ministerie van Volkshuisvesting, Ruimtelijke Ordening en Milieubeheer opheft. It liket my gjin tafal dat wy just op al dy trije mêden de grutste problemen hawwe: te min betelbere wenten, gjin dúdlik belied wêr wat boud wurde moat, om oer de grutte soargen oangeande it miljeu mar te swijen. Dat ministearje moat werom, sa gau as mooglik is.

De Ried fan de Fryske Beweging sil grutte Pier net út it grêf opstean litte om fan dy mooglik 100.000 nije ynwenners te easkjen it “bûter, brea en grien tsiis” aksentleas út sprekken. Dat safolle minsken net allinne it talige lânskip oantaaste, is dúdlik. Push-back teams lizze net yn ’e rede, mar samar akkoart gean mei safolle nije ynwenners as yn dit Deltaplan foarsteld wurdt, kin net en al hielendal net sûnder betingsten. Wy meie Fryslân net oerstreame litte.

Pier Bergsma is foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging
Dit artikel stie op woansdei 16 juny yn de Leeuwarder Courant.

 

 

 

juny 17, 2021 17:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.