Ordinêre skelpartij Geert Wilders en Habtamu de Hoop op Twitter

juny 6, 2021 00:57

Dat Geert Wilders it graach raar opseit, is net nij. Mei kopvoddentax en knettergek waard it PVV-Twadde Keamerlid jierren lyn al bekend om syn net al te parlemintêr taalgebrûk. It nije Fryske Keamerlid foar de PvdA Habtamu de Hoop hie dy namme noch net, mar De Hoop liet him ferliede ta in ordinêre skelpartij op Twitter.

Wilders reagearre op in berjocht yn NRC Handelsblad dat PVV’er Dion Graus net mear yn it Twadde Keamergebou komme mocht, nei’t in meiwurkster tsjin de eardere Keamerfoarsitter sein hie dat Graus har lestichfoel. Neffens De Telegraaf wie dat net wier.

Wilders skreau nei oanlieding fan it NRC-artikel dat er sjoernalistern as “tuig van de richel” beskôge, “uitzonderingen daargelaten”. De Hoop reagearre mei in berjocht dat PVV’ers “tuig voor de democratie” wêze soene, sûnder útsûndering. Ferskate folgers moannen De Hoop oan om net oan sok geskel mei te dwaan. “Ik had u anders ingeschat” en “ik had no wel zoveel Hoop in je”, skreaune guon.

juny 6, 2021 00:57
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe juny 8, 13:01

    Nuver stikje, mei permisje. De NVJ hat de hear W. wilens freonlik útnoege foar in petear. Nij ûndersyk: 80 persint fan de sjoernalisten yn Nl. fielt him of har wol gauris bedrige troch grutbekken en ûnferstannen lykas de hear W. De reaksje fan de hear De Hoop is folslein terjochte. Boppedat, sûnt wannear is ien tweet in ‘skelpartij’? Ditsoarte nuvere framing makket fan de hear W. in ‘gewoane’ politikus – dat is er net. It is in ûnderbúkpopulist en soksoarte by definysje ligende lju fertsjinje gjin begryp of bemanteljen op Itnijs.frl.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.