Online Klokhuis-searje ‘Fake it till you make it’ no ek as tv-programma
Resint ferskynd
De populêre online searje Fake it till you make it fan Het Klokhuis is fan 4 july ôf ek as telefyzjeprogramma te sjen. Fanwege it sukses wurde de ôfleveringen op NPO Zapp útstjoerd. Alle ôfleveringen sitte fol fantasijfolle tips en foarbylden om sels aktearjen te learen.
Hoe spilest in spektakulêr gefjocht, in yntime tút of in dramatyske sêne? Presintatrise Sosha Duysker kriget les mei de juste tips om drama te meitsjen yn in eigen fideo, grap, op it toaniel of yn it echte libben. Want ek yn it echt komt it soms goed fan pas om tige ferrast te reagearjen of selsfersekere oer te kommen. Hielendal sa’t dat yn Het Klokhuis past, wurdt útlein hoe’t it wurket en jouwe profesjonals gouden tips om de stjerren fan de himel te aktearjen.
Yn tolve ôfleveringen kriget Sosha dramales en tips fan Klokhuis-akteurs, lykas cowboy Maarten Heijmans en flochfamke Sarah Jennah. Hja kriget ek grimetips: hoe makkest spui, triennen en in libbensechte wûne?
Yn de earste ôflevering leart Sosha hoe’t se it bêste sabeare gûle kin, wat ek tige handich is ast in kear dyn sin krije wolst.
Utstjoering: fan snein 4 july ôf alle wiken te sjen om 10.30 oere op NPO Zapp.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje