Oanfalsplan Skries liket op neat út te draaien

juny 22, 2021 19:42

Fan It Fryske Gea

Skries (It Fryske Gea)

It like sa moai, it Oanfalsplan Skries waard yn novimber ferline jier hoopfol omearme troch provinsjes, de Twadde Keamer en minister Carola Schouten fan LNV. No driget it te mislearjen. In beslút oer it finansierjen derfan komt der mar net. Foar de petysje ‘Red de Grutto’ hellen de opstellers fan it plan yn de ôfrûne moannen 86.000 hantekeningen op. Ald-minister Pieter Winsemius, de Fûgelbeskerming, It Fryske Gea en de Fryske miljeufederaasje hawwe har der tige foar ynspand. Sjoch ús berjocht fan ferline wike: Petysje Oanfalsplan Skries oan Keamerleden oanbean | It Nijs

No’t de provinsjes en it Ryk sa min te rissen binne hat Winsemius út namme fan de opstellers fan it Oanfalsplan in brief oan ynformateur Mariëtte Hamer skreaun. Hy skriuwt: “De tijd dringt: de grutto – en ook andere weidevogels – kan geen uitstel lijden. Iedereen is vóór en de warme gevoelens zijn ongetwijfeld oprecht, maar we spelen voor het echie.”

Yn de Twadde Keamer waarden twa moasjes oannommen dy’t de minister oprôpen om it plan út te fieren. In beslút oer de finansiering is der noch hieltyd net. Takomme woansdei praat de Keamerkommisje foar Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit mei de minister. Inisjatyfnimmer fan it Oanvalsplan  Pieter Winsemius, ropt op ta aksje. It jild liket no nei sân moanne in stroffelstien te wêzen. Winsemius skreau út namme fan de inisjatyfnimmers yn in pittige brief oan de Keamerkommisje ‘buitengewoon teleurgesteld’ te wêzen dat ‘niet tot concrete besluitvorming’ kommen is.

It is der op of der ûnder foar de skries, dit is it lêste wat we dwaan kinne. De takomst fan de skries stiet op it spul!’ – Henk de Vries, direkteur It Fryske Gea

Fan 120.000 nei 30.000 pear
Dat it min mei de skries giet is bekend. Yn 1970 wiene der noch 120.000 pear, no binne dat minder as 30.000 en dy fermindering giet mar troch. Nederlân hat in grutte ynternasjonale ferantwurdlikheid foar de skries: mear as 80% fan Europeeske populaassje briedt hjir. De skries stiet as symboal foar oare greidefûgels lykas de strânljip en de ljip, soarten dêr’t it ek min mei giet.

Yn it Oanfalsplan wurdt foarsteld om tritich oanien sletten gebieten fan tûzen hektare oan te wijzen dêr’t boeren en natuerbehearder har maksimaal foar greidefûgels op ynsette. Troch it wetterpeil te ferheegjen, letter te meanen en foar blomrike greide te kiezen moat dat kinne. De boeren krije in fergoeding foar ynkomsten dy’t se dêrtroch misse.

 

juny 22, 2021 19:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.