Nostalgysk ûngetiidzje op Boerehaaidei giet foarearst net troch!

juny 30, 2021 13:10

Oanfolling 13.10 o.: fanwegen it wiete waar giet dizze dei foarearst net troch. As de omstannichheden better wurde, folget neier berjocht.

Mei oldtimer-trekkerkes, dito meanmasinen, heaskodders, swylmasinen, heaparsen, heaharken en heafoarken, hearuters en noch mear boere-ark sil in hiele ploech boeren en ‘buitenlui’ wer ûngetiidzje sa’t dat fyftich jier lyn barde. Der wurdt skodde-mei-it-hynder, meand mei in trekkerke, hea swile mei autentike âlde masinen, der wurde wurdzen makke, hea yn ’e bult en op ruters set, de heaparsen meitsje pakjes, de heaweinen wurde fol foarke en opladen, folle net genôch! Mei de boeren op it fjld teedrinke heart derby fansels en mei trekker en wein in ritsje nei de fûgeldobbe meitsje, kin ek.

Dat allegearre sil sneon 3 july barre op it fûgeltsjelân fan Titus de Wolff tusken Flânsum en Raerd. It waar moat it fansels mooglik meitsje. Om 2 oere geane de manlju en froulju los! (En as it sneon om it waar net kin, dan ‘breekt nood wetten’ en giet it oan op snein 4 july om 2 oere!)

Wa’t sjen en belibje wol hoe’t âlde tiden opnij ta libben komme, is fan herten wolkom. De tagong en it parkearjen binne fergees. Parkearje yn ’e berm hoecht net, want op de boer syn lân is genôch plak foar auto’s en fytsen.

juny 30, 2021 13:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.