Njoggen Katalaanske finzenen frijlitten

juny 23, 2021 20:50

Justysje yn Spanje hat hjoed njoggen Katalaanske finzenen frijlitten. Hja wiene behelle by it referindum oer Katalaanske ûnôfhinklikens yn 2017 en hawwe fan de Spaanske premier Pedro Sánchez graasje krige. Under harren is de Katalaanske fise-presidint Oriol Junqueras.

De Katalaanske presidint yn ballingskip Carles Puigemont hat gjin graasje krige. Hy ferbliuwt noch altyd yn België, dat him net oan Spanje útleveret. De rjochter hat koartlyn oardiele dat Puigdemont ynearsten rjocht hâldt op politike ûnskeinberens, om’t er lid is fan it Europeesk Parlemint.

De njoggen politisy dy’t frijlitten binne, meie gjin publike funksjes mear útoefenje. It regear yn Madrid hopet dat der troch de amnesty wer in petear mei Barcelona op gong komt.

 

juny 23, 2021 20:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.