Nije subsydzjeregeling foar ynnovative ûndernimmers

juny 16, 2021 07:45

Fryske ûndernimmers kinne opnij stipe krije foar ynnovaasje yn harren bedriuw. Se kinne dat ynsette foar nije fertsjinnersmodellen om dêrmei de gefolgen fan de koroanapandemy op te fangen. De regeling is in ûnderdiel fan it provinsjale twadde helppakket ‘Lok op 1: No en Moarn’ fan 10 miljoen euro, dat yn april troch Provinsjale Steaten fêststeld is.

It provinsjehûs yn Ljouwert (foto: pixabay.com)

De koroanagoarre hat grutte gefolgen op ús sûnens en brede wolfeart. Om dy op te fangen hat it Ryk ferskate beskermjende maatregels ynsteld. Mei-inoar wurde der no stappen nei de takomst set. Ynnovative oplossings drage by oan it wer opbouwen fan de mienskip. Fan 28 juny 2021 ôf kinne ûndernimmers opnij gebrûk meitsje fan finansjele stipe en dan benammen foar it fierder ûntwikkeljen fan ideeën foar ynnovative produkten of tsjinsten.

Deputearre Sander de Rouwe fan de provinsje Fryslân: “Us mienskip is troch koroana feroare. Ek al hawwe wy sicht op ferbettering, ek nei de pandemy sjocht ús libben der oars út. Undernimmers spylje dêr kreatyf op yn en dêr wolle wy mei dizze finansjele bydrage by helpe.”

In moai foarbyld is Elzinga & Van der Krieke yn Drachten. Dat bedriuw is spesjalisearre yn ûnder oare ‘spuitgieten’. Mei in earder subsydzje koe it in masine ûntwerpe dy’t brûkt wurde kin om fan eigen bedriuwsôffal opslachbakken te meitsjen. Direkteur Wietse Elzinga: “Subsydzje kin it ferskil meitsje tusken ûndersyk en produksje yn Nederlân of net.”

Eftergrûn
It maksimale subsydzjebedrach bedraacht € 10.000 de oanfraach. Subsydzje kin fan 28 juny 2021 ôf oanfrege wurde op de webside fan provinsje Fryslân: www.fryslan.frl. Yn it pakket sitte ferskate regelingen. Yn ’e hjerst fan 2021 giet ek de Ynnovaasjematriks iepen.

juny 16, 2021 07:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.