Nije Snitswike yn ’e startblokken

juny 18, 2021 09:40

Op 16 juny is it ambysjedokument foar in takomstbestindige Snitswike tekene op it startskip fan de Keninklike Wettersportferiening Snits, dat foar dizze gelegenheid yn De Kolk lei.

Foto: Snitswike

De ôfrûne moannen is der hurd wurke troch fertsjintwurdigers fan de gemeente Súdwest-Fryslân, Stichting Ut yn Snits, Keninklike Wettersportferiening Snits, Snits Promotion en Feriening Undernimmend Snits om mei-inoar it takomstbyld fan de Snitswike te bepalen. Dy bylden binne opnommen yn in ambysjedokumint foar de Snitswike, dêr’t de ambysjes foar in takomstbestindige Snitswike yn formulearre binne. Mei it startskot, nei ôfrin fan de ûndertekening, gie de offisjele gearwurking fan start tusken de belutsen partijen om in stichting Snitswike op te rjochtsjen. Dy stichting krijt in ferbinende en koördinearjende rol wat programmearring, fergunningen, marketing en fûnsewerving oangiet.

Hichtepunten
De Snitswike start op de 1e sneon fan augustus. Foar in te behearskjen Snitswike giet de lingte fan de festiviteiten fan de Snitswike yn 2022 wer tebek nei sân dagen. De muzyk- en kulturele festiviteiten slute dan wer oan by de doer fan de sylwedstriden op de Snitsermar. Mear aktiviteiten foar in breder publyk oerdei en jûns mear fariaasje op de muzykpoadia is ien fan de ambysjes dy’t útsprutsen waarden. In sterke ferbinding tusken wettersport en ferdivedaasje wurdt in rânebetingst foar nije programmearring. Wat lokaasjes oangiet wurdt der ek sjoen nei de mooglikheden fan in eveneminteterrein bûten de stêd. Der wurdt stribbe nei in folslein sirkulêre Snitswike yn 2031. De ambysjes drage by oan it fersterkjen fan it imago en de positive ekonomyske en maatskiplike opbringsten foar Snits en de regio.

Foto: Snitswike

juny 18, 2021 09:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.