Fryske plaknamme foar 25 doarpen yn Noardeast

juny 10, 2021 08:14

25 doarpen yn Noardeast-Fryslân krije op 1 jannewaris 2023 in Fryske namme. Dat stiet yn it ynfieringsplan Fryske Plaknammen, dat it kolleezje tiisdei 8 juny fêststeld hat.

Boarne: ItNijs.frl

It giet om de doarpen:
Aalsum, Anjum, Augsbuurt, Bornwird, Ee, Engwierum, Hantumeruitburen, Hantumhuizen, Hiaure, Holwerd, Kollumerzwaag, Lioessens, Metslawier, Morra, Niawier, Oosternijkerk, Oostmahorn, Oostrum, Oudwoude, Paesens, Triemen, Veenklooster, Waaxens, Westergeest en Zwagerbosch.

De nammen wurde:
Ealsum, Eanjum, Augsbuert-Lytsewâld, Boarnwert, Ie, Ingwierrum, Hantumerútbuorren, Hantumhuzen, De Lytse Jouwer, Holwert, Kollumersweach, Ljussens, Mitselwier, Moarre, Nijewier, Easternijtsjerk, De Skâns-Oostmahorn, Eastrum, Aldwâld, Peazens, De Trieme, Feankleaster, Waaksens, Westergeast, Sweagerbosk.

De gemeenteried hat frege om Fryske plaknammen
De gemeenteried hat yn de riedsgearkomste fan 20 septimber 2020 in amendemint fan de ChristenUnie en de FNP oannommen oer de ynfiering fan Fryske plaknammen. Yn it amendemint wurdt doarpen ek de romte jûn om te kiezen foar in histoaryske- of dialektnamme. In mearderheid fan it doarp moast dêr dan foar wêze. De bestjoeren fan doarpsbelangen binne deroer ynformearre en krigen gelegenheid om te reagearjen. Op basis  dêrfan hat it kolleezje in ynfieringsplan makke.

Achttjin doarpsbelangen en in oantal ynwenners ha in reaksje nei de gemeente stjoerd
In tal bestjoeren hat oanjûn om histoaryske redenen tsjin de ynfiering fan de Fryske plaknamme te wêzen. Oare doarpen wolle de Nederlânske namme behâlde of jouwe oan de twatalige plaknammebuorden behâlde te wollen. Yn de brief dy’t de doarpen yn febrewaris krigen ha is oanjûn dat as doarpen net reagearje it kolleezje derfan útgiet dat se ynstimme kinne mei de Fryske plaknamme. Tsien doarpen ha net reagearre.

It kolleezje stelt foar om foar de doarpen yn de easthoeke fan de gemeente (Burum, Munnekezijl, Warfstermolen en Kollumerpomp) de Nederlânske namme te behâlden. De oare doarpen krije in Fryske plaknamme.

It wizigjen fan de plaknammen kostet de gemeente 448.000 euro
In diel fan de kosten wurdt betelle út subsydzje fan de provinsje en besteande budzjetten. € 408.000 komt út de de werferdielingsfergoeding.

De nije nammen wurde op 1 jannewaris 2023 ynfierd
De ynfiering fan de plaknammen yn de gemeentlike applikaasjes freget in goede tarieding en dat kostet tiid. De tarieding en de ynfiering wurde dêrom yn 2021/2022 dien, sadat de nije plaknammen mei yngong fan 1 jannewaris 2023 jilde. Doarpsbelangen, ynwenners en bedriuwen ha dan ek foldwaande tiid om harren ta te rieden op de nije situaasje.

Op de buorden komt allinich de Fryske namme
De fêststelde plaknamme komt op it plaknammeboerd. Yn it eardere Ferwerderadiel stiet allinich de Fryske namme op it plaknammeboerd. Yn de oare eardere gemeenten stiet de Fryske namme ûnder de Nederlânske namme. It kollege stelt foar om yn de nije situaasje te kiezen foar ien namme op it boerd.

Oare buorden wurde ek oanpast
Neist de plaknammebuorden binne der noch in soad oare buorden yn de gemeente dêr’t in plaknamme op stiet. It giet dan bygelyks om fytsrûte- en oare ferwizingsbuorden. Dy sil de germeente yn ’e rin fan de tiid ek oanpasse.

De gemeenteried hat it lêste wurd
De gemeenteried praat op 8 july oer it ynfieringsplan.

juny 10, 2021 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.