Nije eksposysje fan Jan Mankes o/m 26 septimber yn Museum Belvédère
Resint ferskynd
- Ofwiisde East-Fryske flagge wapperet foar gemeentehûs Moarmerlân 0
- Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús 0
- BolwurkFestival Frjentsjer: muzyk op it wetter 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
- Bouwe de Boer: Sinnekrêft by de alve stêden lâns 0
It sykjen nei de siel rint as in reade tried troch it oeuvre fan Jan Mankes (1889-1920). As keunstner woe er ien wurde mei syn ûnderwerp. Mei de bisten út syn skilderijen hie er faak in persoanlike bân; hy koe se pas ôfbyldzje as harren siel him eigen wurde wie. Museum Belvédère toant fan ’t simmer skilderijen en wurken op papier dy’t Mankes makke fan de bisten en fûgels yn en om syn hûs, deunby wêr’t no it museum stiet.
De keunstner observearre de bisten yn ’e frije natuer of liet se op bestelling komme fia syn woldwaner út De Haach. Op bewarre bleaune stúdzjeblêden is te sjen hoe’t er hieltyd besocht de eigenheid, de skjintme, de siel wer te jaan. Troch oandachtige stúdzje besocht er it wêzen te trochgrûnjen út in djipfielde besibbens wei. Hoewol’t Mankes in foarleafde foar fûgels hie, wie er ynteressearre yn it hiele bisteryk, fan sûchbisten oant en mei ynsekten. In krie op in beamtakke of in spin yn syn reach fûn er like fasinearjend as in geitsje foar in stek of in stikelbaarch yn ’e bosk. Hoewol’t de keunstner geregeld in bistetún besite, binne eksoaten as oaljefanten, sjiraffen, apen en flamingo’s net yn syn oeuvre werom te finen.
It wurk fan Jan Mankes is rom fertsjintwurdige yn de kolleksje fan Museum Belvédère. De keunstner wenne en wurke seis jier fan syn koarte libben deunby it hjoeddeiske museum. Faak kuiere er oer de Wâldsterwei, dy’t eartiids fan syn hûs nei Oranjewâld fierde en dy’t no nei Museum Belvédère liedt. Dy lange, mei beammen omseame leane is ferskate kearen troch him fêstlein. Yn de kolleksje fan Museum Belvédère leit de klam op wurken dy’t yn de Fryske jierren (1909-1915) ûntstien binne, mar yn de útstalling binne ek brûklienen opnommen fan partikuliere samlers en oare musea.
Nije katalogus
By de útstalling Jan Mankes, de bisten en de siel fan dingen is ûnder deselde namme in ryk yllustrearre publikaasje útkommen mei tekst fan Maarten van Doremalen en Susan van den Berg. It boek telt tachtich siden, is hielendal yn kleur en kostet € 22,50. Besjoch de katalogus.
Keunstners besprekke Jan Mankes
Direkteur-konservator Han Steenbruggen nûge de skilders Henk Helmantel (1945) en Christiaan Kuitwaard (1965) út om de eksposysje te besjen. Wat sprekt harren sa oan yn it wurk fan Jan Mankes en wêrom is de keunstner sa populêr by in grut publyk? Filmers Albert Jensma en Jan Besliman wiene derby en leine it barren fêst.
Besjoch it filmke oer Jan Mankes:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje