Nije datum foar finale Liet 2021

juny 25, 2021 08:46 Fernijd

Frysk sjongfestival op woansdei 17 novimber

De finale fan Liet 2021 wurdt holden op woansdei 17 novimber yn Neushoorn yn Ljouwert. Earst soe dat op 19 novimber wêze, mar nei oerlis is besletten om de finale twa dagen nei foaren te heljen. De ynskriuwing foar artysten is yntusken los. 

Mosken (foto: Liet)

It liket derop dat by de finale yn Neushoorn publyk oanwêzich wêze kin. Hoefolle krekt, dat hinget ôf fan de maatregels dy’t op dat stuiit jilde. “It moaist soe wêze as de dielnimmers foar in folle seal spylje kinne”, seit foarsitter Gerard van der Veer fan Liet. “We moatte ôfwachtsje hoe’t de regels tsjin dy tiid binne. We soargje der yn alle gefallen foar dat minsken thús de finale ek folgje kinne.”

Artysten dy’t oan it Frysktalige sjongfestival meidwaan wolle, kinne har ynskriuwe op de webside fan Liet, www.liet.frl. De ynskriuwing slút op moandei 26 july. Dêrnei beslút de seleksjesjuery hokker kandidaten meidwaan meie oan de foarwedstriden by Omrop Fryslân. Dêr komme yn totaal acht finalisten út, bepaald troch de seleksjesjuery en publyksstimmen. De acht finalisten dogge mei oan de finale fan Liet op 17 novimber. De winner fan de finale kwalifisearret him foar Liet International op 13 maaie 2022 yn it Deenske Tønder.

Douwe Dijkstra (foto: Liet)

Neist de finalisten spylje op Liet ek in tal bekende Fryske muzykakts foar it crossover-programma. Yn keppels fan twa skriuwe en spylje dy akts nije Fryske lieten.

“Liet is der om it Frysktalige liet te stimulearjen en in poadium te jaan”, seit Van der Veer. “De wedstriid mei nije Fryske lieten fan jonge muzikanten is noch hieltyd hiel wichtich. Mar wy wolle ek ferbreedzje en nije saken besykje, lykas bekende Fryske artysten stimulearje om yn harren repertoire mear it te brûken.”

juny 25, 2021 08:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.