Nettsjinsteande tasizzings wol NAM trochgean mei gaswinning Grinslân

juny 25, 2021 20:59

De NAM wol trochgean mei it winnen fan gas yn Grinslân, ek al feroarsaket de gaswinning nei alle gedachten ierdskokken. Steatssekretaris Wiebes hie earder oankundige dat de gaswinning yn Grins yn 2022 ophâlde soe. Wiebes sei derby dat dat allinne net trochgean koe as der in ekstreem kâlde winter komme soe. Dat wie net sa. De NAM hie sels ek buorkundich makke dat it yn 2022 klear wêze soe mei gaswinning.

No seit de NAM dat dat net kin en dat de gaswinning op syn betiidst yn 2025 ophâldt. As reden jout de NAM dat ferskate grutte klanten dêrom frege hawwe, om’t it harren net slagget om op in oare manier oan branje te kommen.

juny 25, 2021 20:59
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Martinus juny 26, 18:39

    Dit nijs hie ik jimme foarrich jier ek fertelle kinnen

  2. Kerst Huisman juny 27, 14:38

    Martinus, dit is in wat gelykhawwerige opmerking, dêr’t wy neat oan hawwe. Folle better is it, as wy ris in begjin meitsje soenen mei in diskusje oer hoe’t de minsken yn Grinslân (en ek Fryslân) sizzenskip oer dy ierdgaswinning krije kinne. Dêr moatte wy foar yn it spier.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.