‘Net för heit’

juny 7, 2021 09:10

Under de namme De Súdjouwerij bringt Joël Hut yn eigen behear it ferhaal ‘Wat oerblûwt’ út. It is noch twa wiken foar heitedei, mar dizze is ‘net för heit’.

Joël Hut (eigen foto)

‘Wat oerblûwt’ is it ferhaal dêr’t Jort ferslach yn docht fan ’e bân mei syn soan Paul. Yn Súdwesthoeksk Frysk fertelt er hoe’t dy minder wurden is nei ferrin fan tiid, set er de bân mei syn eigen mem en heit dermei yn kontrast, lit er sjen hoe’t it is om sokke bannen te ferliezen.

Joël Hut brocht earder syn gedichten út yn syn debútbondel börtersgrut (2020). Dit is syn earste útjefte fan in ferhaal yn proazafoarm.

It ferhaal leit yn ’e winkel fan ’e Afûk yn Ljouwert en is te bestellen fia de mail (desudjouwerij@gmail.com). It kostet 15 euro it stik.

juny 7, 2021 09:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.