Neffens útlekt ferslach Pieter Omtzigt is der by it CDA aardich wat mis

juny 11, 2021 11:56
Pieter Omtzigt (foto: Wikipedia – publyk domein)

Teringhond, eikel en psychopaat binne in pear fan ‘e skelwurden dy’t Pieter Omtzigt fia WhatsApp fan leden en meiwurkers fan it CDA nei de holle slingere krigen hat. Syn op betide sosjalistyske affysjes basearre ferkiezingsposters waarden “naziposters” neamd. Fierder is it CDA it ûnthjit net neikommen dat Omtzigt listlûker wurde soe as Hugo de Jonge him weromlûke soe. Ynstee is Wopke Hoekstra it nije CDA-gesicht wurden.

Dat stiet yn in útlekt ferslach dat Omtzigt skreaun hat oer de situaasje yn it CDA. Der stiet ek yn dat it CDA-belied beynfloede is troch trije grutte sponsors. Fierders skriuwt Omtzigt dat minsken dy’t him stipen op in ferfelende manier behannele waarden, bygelyks trochdat se op in ûnferkiesber plak bedarren. Omtzigt skriuwt: “De incidenten die hebben plaatsgevonden zijn geen incidenten maar symptomen van veel grotere structurele problemen bij het CDA.”

It ferslach fan Omtzigt stiet hjir online.

juny 11, 2021 11:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.