Natuermuseum Fryslân wer iepen fan sneon 5 juny ôf

juny 5, 2021 08:29 Fernijd

De doarren fan it Natuermuseum Fryslân geane wer iepen op sneon 5 juny. En der is mear goed nijs: de eksposysje GIF, each yn each mei libbene fergiftige bisten is ferlinge oant en mei de krystfakânsje. Mei it each op gefaar foar eventuele koroanabesmetting soargje ferskate maatregels en oanpassingen derfoar dat in museumbesite feilich en ferantwurde is. 

Foto: Marcel van Kammen

It Natuermuseum Fryslân hat, lykas alle musea yn Nederlân, dit jier noch net iepen west. De tredde lockdown begûne heal desimber en hat wol 24 wiken duorre. Grut is dan ek de blydskip dat de doarren wer iepen kinne. De ôfrûne perioade is deroan wurke om alles der wer picobello útsjen te litten. Sealen binne sekuer himmele, fitrines poetst en objekten ôfstoffe. Fan sneon ôf kinne besikers de GIF-eksposysje wer besjen. De UnderWetterSafari, de attraksje oer de ûnderwetterwrâld fan Nederlân, is ek wer iepen, lykas de fêste presintaasjes.

De GIF-eksposysje ferrûn turbulint. De earste twa wiken fan de iepening ôf luts de útstalling goed 10.000 besikers. Spitigernôch griep doe Covid-19 om him hinne en stie de wrâld stil. Underwyls hawwe der trije perioaden fan lockdown west en dêrtroch hawwe in soad minsken net de kâns krigen om dy spektakulêre eksposysje te besjen. De fergiftige bisten bleaunen achter yn in fierder leech museum. Alle dagen kamen de bistefersoargers lâns om te sjen oft it goed mei harren gie, wetterbakken te ferskjinjen en iten te jaan.

Foto: Naturalis Biodiversity Center

Der is yn de ôfrûne moannen in soad bard: der binne slangen ferfelle, spinnen dienen in jaske út en de babyslangen binne wer grutter wurden. Gelokkich kin eltsenien dat fan 5 juny ôf wer sels oanskôgje en each yn each stean mei it gilameunster, de rattelslang, de keningskobra en al dy oare fasinearjende bisten.

Wa’t nei it museum ta wol moat yn ’t foar fia de webside in kaartsje mei tiidslot (fêste starttiid) keapje. It is ferplichte om in mûlkapke te dragen. Fierder is oeral ienrjochtingsferkear, der wurdt ekstra skjinmakke en ynteraksje mei de baly ferrint feilich mei in skerm. Op dy wize kinne besikers op in ferantwurde manier it museum besykje.

GIF, each yn each mei libbene fergiftige bisten is te sjen oant en mei 9 jannewaris 2022.

Tagongskaarten mei tiidslot binne te boeken fia de webside fan it museum: www.natuurmuseumfryslan.nl.

juny 5, 2021 08:29 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.