Nassausimmer yn Ljouwert

juny 13, 2021 08:34

Fan ’t simmer komt it rike Nassauferline fan Ljouwert ta libben. De Fryske haadstêd wie lange tiid hofstêd fan Nederlân en it hjoeddeiske keningshûs stammet yn rjochte line ôf fan Maria Louise van Hessen-Kassel (1688-1765), prinsesse fan Oranje-Nassau. Hja bestjoerde út Ljouwert wei al jong de noardlike provinsjes as regentesse-stedhâlder en letter sels de hiele republyk fan de Nederlannen.

Foto: Mijke Bos

Maria Louise stiet yn de Nassausimmer sintraal. Hichtepunt is Maria Louise was here, in simmerjûnspektakel dêr’t fideoprojeksjes, spesjaal komponearre muzyk en ljocht yn byinoar komme yn ’e tún fan har eardere stedspaleis, it Prinsessehof. Op dy bysûndere wize wurdt in oade brocht oan in sterke frou yn in troch manlju dominearre wrâld. Dat slút perfekt oan by de keninklike ferhaalline fan NBTC Holland Marketing, dêr’t in tal krêftfroulju fan eartiids by yn de skynwerpers set wurde.

Troch tragyske omstannichheden waard Maria Louise doe’t se noch mar 23 jier wie ferantwurdlik foar it fuortbestean fan de Oranjedynasty. En mei dy sterke dame oan it roer groeide de ynfloed fan de Fryske Nassaus. Op dat fûnemint waard yn 1813 it Nederlânsk keningshûs boud. De hjoeddeiske kening, Willem-Alexander, stammet streekrjocht fan har ôf. Hja stiet ek oan ’e widze fan hast alle Europeeske keningshuzen.

Foto: Mijke Bos

Simmerjûnspektakel
Yn de Nassausimmer set Ljouwert de skynwerpers op syn Nassauferline. It libben fan Maria Louise wurdt ûnder keunstsinnige ferljochting op de eftergevels fan stedspaleis Prinsessehof útfergrutte. Yn tweintich minuten wurdt sa in modern portret fan de prinsesse sketst, makke troch regisseur Jos van Kas en fideokeunstner Frouke ten Velden.

Fan 8 july o/m 28 augustus is it simmerjûnspektakel alle tongersdei-, freed- en sneontejûnen te sjen. In kaartsje kostet € 5,- en is te keap fia de webside fan it Prinsessehof.

Foto: Mijke Bos

Oade oan de prinsesse
Njonken de simmerjûnen yn ’e paleistún lit it Prinsessehof mei in permaninte útstalling de besikers op yntime wize mei it libben fan Maria Louise en it Fryske hof yn ’e kunde komme. Rinnend troch de gongen fan har paleis en mei in besite oan de barokke stylkeamer geane se yn ’e tiid werom. Behalven dat binne der yn Ljouwert fan ’t simmer ferskate stedskuiertochten – mei of sûnder gids – yn it teken fan de Nassaus by paleizen, stedhâlderlike grêven en it stedspark lâns. Monuminten, gebouwen en strjitnammen litte jin weromtinke oan de relaasje mei it keningshûs. Dinearje en sliepe kin yn ’e stêd op in keninklike lokaasje: it Stedhâlderlik Hof, it eardere wenpaleis fan de Nassaus.

Mear ynformaasje, programma en tiden:
www.visitleeuwarden.com/nassauzomer;
www.princessehof.nl/marialouisewashere;
www.friesland.nl/marialouise.

juny 13, 2021 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.