Nachtwacht yn orizjineel formaat te sjen
Resint ferskynd
‘De Nachtwacht’ is de kommende moannen foar it earst yn goed trijehûndert jier yn syn orizjinele formaat te sjen. It Ryksmuseum hat in rekonstruksje makke fan de repen dy’t yn it ferline fan it doek ôfsnien binne. Troch panielen mei dy rekonstruksje om it skilderij hinne op te hingjen, wurdt dúdlik hoe’t it skilderij fan Rembrandt der oarspronklik útseach.

‘De Nachtwacht’ fan Rembrandt (boarne: Wikipedia – publyk domein)
De ôfrûne twa jier hat it Ryksmuseum syn bekendste skilderij minusjeus bestudearre yn ‘Operaasje Nachtwacht’. Sa is troch de ûndersikers tige sekuer nei de farve en de skildertechnyk sjoen. Op basis fan artifisjele yntelliginsje en in folle lytsere kopy fan de orizjinele Nachtwacht is de rekonstruksje fan de missende dielen makke.
Foaral oan de lofterkant feroare it doek tige, mei’t der troch it snijen trije figueren ôffoelen: twa skutters en in bern dy’t op in brêge stean. Neffens it Ryksmuseum feroaret dat de dynamyk en beweging yn it skilderij, want de twa wichtichste skutters, kaptein Banninck Cocq en luitenant Van Ruytenburch, stean op de orizjinele Nachtwacht net sintraal, mar rjochts fan ’e midden.
Ryksmuseum-direkteur Taco Dibbits is optein oer de rekonstruksje fan de missende parten. “Tanksij de rekonstruksje sjogge we dat de komposysje dy’t Rembrandt skildere noch folle dynamysker wie. It is geweldich no mei eigen eagen de Nachtwacht ûndergean te kinnen lykas Rembrandt him bedoeld hat.”
De panielen hingje tydlik om it skilderij. Nei twa jier fan ûndersyk set fan ’t hjerst de echte restauraasje fan de Nachtwacht útein. Fan dat momint ôf wurde de panielen der wer by weihelle.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje