Mei toarnbei-ekspert Karst Meijer nei it Brommelparadys Bûtenpost

juny 24, 2021 08:31

Dit jier start de jierlikse toarnbeibloei-ekskurzje fan Brommels! op snein 4 july by Paviljoen MeM yn Bûtenpost. Toarnbei-ekspert en botanist Karst Meijer fan Wolvegea nimt belangstellenden mei yn ’e wrâld fan de toarnbei. De brommels binne der noch net, mar de strûken bloeie folop.

Foto: ©Hielke Boorsma

Karst Meijer (foto: ©Hielke Boorsma)

Karst Meijer lit sjen hokker toarnbeisoarten der groeie. In echte ûntdekkingstocht, want alle jierren fynt er wol tsien oant fyftjin brommelsoarten, guon tige seldsum en soms sels ûnbekende soarten. Untfangst is om 14.00 oere. De ekskurzje set om 14.30 oere útein en einiget mei in rûnlieding by de toarnbeikolleksje fan De Kruidhof lâns. Oanmelde kin oant uterlik 1 july by Stichting Wrâldfrucht fia info@waldpyk.com. Dielname is fergees.

Paviljoen MeM oan de Egypte 16a Bûtenpost leit yn de tún fan de Muzykpleats. In lokaasje tusken de lannen midden yn in stripe boskgebiet. By de boskrânen, houtwâlen en elzesingels lâns sil Meijer op syk nei bloeiende toarnbeiplanten. Hy ken soarten oan de blêden, tûken, blossems en sels de toarnen werom. In prachtige natuerkuier middenyn de Noardlike Fryske Wâlden.

Wâldpykfeest Brommels! op 28 en 29 augustus 2021
Alle jierren wurdt it Waldpykbrommelfeest Brommels! holden op de fjirde sneon en snein fan augustus. Dit jier is dat op 28 en 29 augustus. Lykas wenst is de bloei-ekskurzje it earste wapenfeit yn it ramt fan Brommels! De aktiviteiten fan it brommelfeest drage it tema ‘natuerlik ferspraat’ mei omtinken foar it bioferskaat yn it nasjonaal lânskip De Noardlike Fryske Wâlden. Sjoch foar mear ynformaasje op www.brommelsfestijn.nl.

juny 24, 2021 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.