Measte koroanaynsettings ferfalle nije wike

juny 18, 2021 22:50

Boarne: NOS

De measte koroanaferboaden en -ferplichtings wurde op 26 juny opheft. Dat hat it regear freed buorkundich makke. De kafees, restaurants, bioskopen en museums meie wer iepen. Utsein yn it iepenbier ferfier ferfalt de mûlekapkeplicht oeral dêr’t it mooglik is om oardel meter ôfstân fan jins evenminske te hâlden. Festivals binne wer tastien, as de organisaasje neigiet oft de dielnimmers net besmetlik binne. Sportwedstriden binne wer tastien en men mei yn it kafee op in grut skerm mei-inoar nei sport sjen. Gearkloftsjen op ‘e dyk is ek net langer ferbean, krekt lykas it ferbod om jûns alkohol te ferkeapjen.

As der gjin ûnferwachte saken barre, bygelyks it opkommen fan in firusfariant dy’t him troch de faksinaasjes net bedimje lit, dan ferfalle healwei augustus alle koroanamaatregels en giet Fryslân werom nei de normale tastân.

juny 18, 2021 22:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.