LTO: Soargje dat boeresubsydzjejild út Europa op it boerehiem komt

juny 10, 2021 08:51

LTO Noard, LLTB en ZLTO fine dat safolle mooglik jild fan it Europeeske Mienskiplike lânboubelied (GLB) te’n goede komme moat fan de agraryske sektor en de plattelânsekonomy. No giet noch in soad jild ferlern oan administrative lêsten en útfieringskosten. Boeren en túnkers moatte as oanfreger fan projektfinanciering yn in sterkere posysje brocht wurde. It is foar LTO Noard, LLTB en ZLTO reden om foar in regionale útfiering fan it GLB-belied te pleitsjen. Ommers, hoe tichter de subsydzje-útfiering op it boerehiem organisearre is, hoe mear sicht der is op de útdagingen op it boerehiem. Dat past by it op it doel rjochte GLB, dat de Europeeske Kommisje foar eagen hat, dêr’t ‘one size fits all’ as útgongspunt fan belied en útfiering by loslitten wurdt.

Ofbylding: LTO Noard

Boeren en túnkers hawwe ferlet fan regionaal maatwurk
LTO Noard, LLTB en ZLTO pleitsje al langer foar mear neidruk op regionale prioriteiten yn belied en oanmetten wurk yn de subsydzjetakenning oan boeren en túnkers. Utdagingen en problemen binne sterk regio-ôfhinklik. Regionale oerheden en subsydzjejouwers kenne dy situaasje it bêste. Dat jildt bygelyks foar de op it gebiet rjochte oanpak fan stikstof, dy’t hânfetten biede moat om maatskiplike útdagingen oangean te kinnen mei in goed fertsjinnersfermogen foar boeren en túnders. Provinsjes kinne yn in model fan regionale útfiering harren belied en subsydzje-iepenstellingen dêr, yn gearspraak mei de lânbou, better op ôfstimme. Regionale oerheden hawwe yn ’e eagen fan LTO Noard, ZLTO en LLTB mear bekendheid en betrouwen ûnder boeren en túnkers. Dêr wurdt it paad nei subsydzjes makliker troch (in belang foar alle belutsen partijen), omdat der mear each en ear is foar harren spesifike bedriuwsssituaasje. Sa kin de ynset fan Europeesk boerejild in bydrage leverje oan in op de takomst rjochte lânbou en it berikken fan resultaten op tal fan útdagingen, dy’t no yn De Haach oan de formaasjetafel bepraat wurde.

Administrative lêsten ferleegje
Foaral foar subsydzjes foar de saneamde plattelânsûntwikkeling yn it GLB is in regionale útfiering needsaaklik. Dat binne subsydzjes foar regionale ûntwikkeling fan it plattelân rjochte op kennis, ynnovaasje, gearwurking, ynvestearringen, jonge boeren en in op it gebiet rjochte oanpak. Dy subsydzjes jouwe no in soad administrative rompslomp. Undersyksburo Berenschot konkludearre al yn 2017 dat potinsjele subsydzje-oanfregers ôfheakken fanwegen dy hege administrative lêsten. Neist in regionale útfiering op maat sjogge LTO Noard, ZLTO en LLTB ek kânsen yn de mooglikheden fan in digitaal subsydzjeplatfoarm om boeren en túnkers te ûntlêsten by de ynset fan boerejild út Europa.

Regionale útfiering better, hurder en goedkeaper
Om dy hege administrative druk te ferminderjen leit it foar de hân dat de útfiering safolle mooglik regionaal dien wurdt. Ut ûndersyk blykt bygelyks dat by in regionale útfiering troch it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (SNN) yn Noard-Nederlân de kosten sa’n 2,4 miljoen leger binne ferlike mei in lanlike útfiering. Dêr bliuwt dan mear jild beskikber foar de stipe oan boeren en túnkers. Boppedat kinne boeren fia in regionale rûte gauwer harren jild krije. Ek sjogge de regionale LTO-organisaasjes by in regionale útfiering keppelkânsen en synergyfoardielen mei oare regionaal útfierde ûntwikkelingsfûnsen, lykas it Europeesk Fûns foar Regionale Untwikkeling (EFRO).

Provinsjes: meitsje ferstannige kar yn belang fan boeren en túnkers
LTO Noard, LLTB en ZLTO roppe provinsjes en wetterskippen op om de útfiering fan GLB/POP troch SNN of Stimulus as serieuze opsje te besjen, en freegje de minister fan LNV dêr romte foar te bieden. De kar foar desintrale útfiering, yn stee fan in sintrale útfiering op ryksnivo, kin op de sympaty fan LTO rekkenje. Sawol SNN as Stimulus binne kwalitatyf goede en troch de EU erkende regionale managementautoriteiten, dy’t bewiisd hawwe dat hja it nedige maatwurk yn de tsjinstferliening foar boeren, túnkers en oare oanfregers leverje kinne.

juny 10, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.