LTO Noard stipet oprop Urgenda: set sinnepanielen net op lânbougrûn

juny 27, 2021 08:40

It opofferjen fan goede lânbougrûn foar sinnepanielen is ûnferstannich én net nedich. Dat bepleitet stifting Urgenda yn de tongersdei útkommen gids Tussen kolen & Parijs. Neffens de miljeubeweging moat ynstee dêrfan lytsskalich op sinne- en wynenerzjy ynset wurde. LTO Noard sjocht dy konklúzje as stipebetsjûging foar syn ynset om gjin sinnepanielen op lânbougrûn te setten.

Foto: pixabay.com

Om yn 2030 de útstjit fan broeikasgassen te ferleegjen is oan tritich regio’s troch hiel Nederlân frege om jierliks op syn minst 35 TerraWattoere (TWh) duorsume enerzjy te winnen. Om dy ambysje wier te meitsjen wurde Regionale Enerzjystrategyen (RES) útwurke. Yn dy RES-en wurdt beskreaun hoe en hoefolle duorsume enerzjy de regio oft wûn wurdt.

Sinnepanielen op lân minst winsklik
Om foar te kommen dat de enerzjytransysje net winske spoaren yn it lânskip lûkt, wurdt mei de saneamde sinneljedder wurke. Dêr stiet yn hokker maatregels om duorsume enerzjy te winnen mear en minder winsklik binne. LTO Noard-bestjoerder Ben Haarman: “Sinnepanielen op lânbougrûn binne de minst winsklike opsje, mar yn ’e praktyk wurde de ûntwikkelingen skeef lutsen troch it finansjeel foardiel fan sinnepanielen op lânbougrûn. Dêrtroch komt der fan de foarkarsfolchoarder net folle oant neat terjochte.”

In protte regio’s tinke dat de doelen net helle wurde kinne sûnder sinnepanielen op lânbougrûn. Haarman: “Urgenda toant yn syn plan oan dat dat net it gefal hoecht te wêzen as we op lytsskalige wize sinne-enerzjy winne, bygelyks op dakken fan huzen.” Dy ideeën wurde ûnder mear troch nasjonale tinkers as Martin Visser, Jan Rotmans en de Ryksboumaster stipe.

LTO: Foarkom dat maatskiplike kosten ûntspoare
Troch de hjoeddeiske oanpak fan RES’en ûntstiet in ûnwinsklike lapetekken fan tige ferskillend gemeentlik sinne- en wynbelied troch hiel Nederlân. LTO Noard pleitet der dêrom foar dat der rezjy nommen wurdt om foar te kommen dat maatskiplike kosten ûntspoare, it netwurk destabilisearret en kostbere lânbougrûn ferlern giet. Provinsjes en de Ryksoerheid kinne dêr in wichtige rol by spylje. Haarman: “It foarkommen fan sinnepanielen op lânbougrûn is dêrby wat ús oanbelanget in essinsjele earste stap.”

Dat wol neffens Haarman perfoarst net sizze dat de boeren en túnkers net oan de enerzjytransysje meiwurkje wolle. “By ús leit in wichtige kaai om duorsume enerzjy te winnen. As we goed kieze, kinne we as lânsbousektor fiks oan de enerzjytransysje bydrage. Tink bygelyks oan de dakken fan ús stâlen, dy’t follein wurde kinne mei sinnepanielen. Dêr geane wy graach oer yn petear.”

juny 27, 2021 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.