Lotte van der Woude te gast yn Keunsthûs SYB

juny 6, 2021 08:32 Fernijd

Residinsje fan 19 maaie o/m 30 juny 2021

Yn maaie en juny is Lotte van der Woude te gast yn Keunsthûs SYB  yn Beetstersweach. Oan ’e hân fan har eigen skip, de Anthonio Maria út 1905 en har famyljeskiednis docht se dêr ûndersyk nei de skiednis fan de Fryske skipfeart.

De Anthonio Maria (boarne: Keunsthûs SYB)

Lotte van der Woude is opgroeid op it skip en waard twa jier lyn de eigner. De Anthonio Maria wie yn minne kondysje en is ferline jier yngeand restaurearre troch in werf op ’t Hearrenfean. Foardat de ferbouwing úteinsette, fûn se yn de masinekeamer in plestik pûde mei âlde foto’s. It die bliken dat it famyljeportretten wienen. Nei ûndersyk kaam se derefter dat sawol it skip als sysels anneks binne mei in hiel âlde skippersfamylje út ’t Hearrenfean, Jobbegea, Snits en Hylpen; de famyljes Eijer en Van der Woude.

De kommende seis wike is Keunsthûs SYB it poadium fan âlde skippersferhalen. Van der Woude ûndersiket mei help fan it Frysk Skipfeart Museum yn Snits de skiednis fan har skip as sylskip, motorskip en de hjoeddeistige funksje as wenarke. Sy sil ek sibben en oare belutsenen ynterviewe oer de skiednis fan it skip en de Fryske skipfeart. De hûd fan de Anthonio Maria wurdt lêzen as in sosjaal-politike skiednis dy’t begûn yn izer, mei klinksels ferbûn, en einige yn laske stielwurk. In hûd, tekene mei spoaren fan minsklike ûnachtsumens, wylde boattochten en somtiden einleaze wriuwing mei itselde. Se ferwurket har ûndersyk dêrom net allinnich yn audio- en fideofragminten, mar ek yn in romtlike ynstallaasje.

Oer de keunstneresse
Lotte van der Woude (Amsterdam, 1986) is ôfstudearre as politikologe en byldzjend keunstner. As bern fan twa teatermeiwurkers siet hja faak fan de sydkant fan it toaniel ôf de útfiering te besjen. De foarstelling wie foar har altyd twaliddich: oan ’e iene kant op it poadium en oan ’e oare kant wat him op itselde stuit efter de kûlizen ôfspile. Tsjintwurdich makket hja eksperimintele dokumintêren, dêr’t hja it proses foarôfgeand oan de foarstelling ta haadtema makket. It is har doel om in sichtber einresultaat net as fêststeand feit te sjen, mar as in ta stân kommen oerienkomst fan ferskillende belangen of yn guon gefallen in útkomst fan in histoarysk proses. De keunstneresse lit yn har wurk sjen hoe’t in foarstelling opboud is en hopet dêr in poadium mei te bieden oan de mooglike lekken en brekken yn ûnderlizzende beslútfoarmingsprosessen.

Oprop
Foar har ûndersyk is Van der Woude op ’e siik nei minsken dy’t wat fertelle kinne oer it skippersferline fan de famyljes Eijer en Van der Woude. Minsken dy’t mear ynformaasje hawwe wurdt frege om kontakt meei har op te nimmen: lottevanderwoude@gmail.com.

Belangstellenden binne fan herten wolkom om har sneons en sneins (tusken 13.00 en 17.00 oere) yn Keunsthûs SYB te besytsjen. De einpresintaasje sil op 26 en 27 juny wêze.

It projekt wurdt mooglik makke troch it Mondriaanfûns en de Provinsje Fryslân.

juny 6, 2021 08:32 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.