Lânbou poer oer ûntpolderingsplan yn Westhoek

juny 2, 2021 08:42

De lânbousektor is poerlilk oer fiergeande plannen fan de Provinsje Fryslân en de Ryksoerheid foar in wikselpolder yn Westhoek.

Ofbylding: LTO Noard

Wat is der oan ’e hân? Yn it ramt fan de dykfersterking Koehoal-Lauwersmar wurdt neist dykfersterking ek sjoen nei keppelingskânsen foar natuer. Ien fan dy kânsen blykt it oanlizzen fan in saneamde wikselpolder yn Westhoek te wêzen. In wikselpolder bestiet út twa diken, dêr’t in gat yn de bûtenste dyk (yn dit gefal de primêre kearing) by makke wurdt, sadat foar lange tiid slib ôfset wurdt en de byhearrende brakke natuer him ûntwikkelje kin.

46 Hektare fruchtbere klaaigrûn, dêr’t no ûnder mear poatguod op ferboud wurdt, wurdt oan de Waadsee weromjûn. En dat yn in tiid dat eltse hektare lânbougrûn nedich is om te foldwaan oan maatskiplike winsken fan ekstinsivearring, enerzjyproduksje, wenningbou, CO2- fêstlizzing ensafh. Noard-Nederlân en wis ek Noard-Fryslân is de kreamkeamer fan de ierappelproduksje wrâldwiid. Yn de provinsjale lânbou-aginda wurdt praat oer in 5-stjerrelânbou en wurdt de poatgoedsektor as eknomyske drager fan dy fiifde stjer neamd. In sektor dy’t wrâldwiid soarget foar sûn iten foar miljoenen minsken.

“Ryk en provinsje offerje harren lânbou op foar natuerdoelen,” seit Tineke de Vries, wurdfierder út namme fan alle lânboupartijen yn Fryslân. “Nei alle gedoch om de Aginda foar it Waad 2050 hinne en de falske start fan it dykfersterkingsproses Koehoal-Lauwersmar, tochten wy dat Provinsje en Ryk dêrfan leare soene. En dat spilet him bûten ús gesichtsfjild ôf. Lokale partijen wurde bûtenspul set. Lânbou hat him it ôfrûne jier konstruktyf opsteld yn de diskusje om de dykferswierring hinne, Holwert oan See en ek yn it útfieringsprogramma foar de Waadaginda, mar der binne grinzen.”

Ryk en Provinsje wurde oproppen om op te hâlden mei de ûntwikkeling fan dit plan by Westhoek, mar ek mei alle oare plannen yn dat gebiet dy’t te’n koste geane fan lânbougrûn of fersâltsjen yn ’e hân wurkje, en om de moasje Dijkstra/Geurts te respektearjen.

juny 2, 2021 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.