Krityk Jongfryske Mienskip op provinsjebestjoer

juny 16, 2021 11:13

De Jongfryske Mienskip (JFM) is min te sprekken oer de gong fan saken om it plan ‘Bouwstenen voor het Deltaplan’ hinne. Foardat Deputearre Avine Fokkens dat op 19 april nei de Steateleden stjoerde hie se it trije dagen dêrfoar al oan de parse presintearre. Politisy en boargers hiene en hawwe gjin ynspraak.

Foar it bestjoer fan de JFM wie it bûtenspul setten fan de demokratyske struktueren de oanlieding yn de kommissaris fan de Kening in iepen brief te freegjen om de op ’e rin sleine deputearre fuortendaliks werom te fluitsjen en dêrmei in sinjaal ôf te jaan fan ‘oant safier en net fierder’.

De JFM beropt him op de kêsten 5 en 16 fan it Europeeske Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden, ek ratifisearre troch de Nederlânske oerheid, dy’t it assimilearjen fan minderheden te foaren komme moatte. As it Deltaplan trochgean soe, sille grutte groepen Nederlânsktalige nije ynwenners de ferhâldingen yn Fryslân folslein op ’e kop sette en benammen foar de Fryske taal sil dat desatreus wêze.

De Iepen brief oan ‘e Kommissaris fan ‘e Kening is hjir te finen.

juny 16, 2021 11:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.