Kondooms foar it bioferskaat

juny 22, 2021 08:47

Op tongersdei 24 juny sille de Fryske Miljeufederaasje en studinten fan Osiris yn Ljouwert kondooms útdiele yn it belang fan it bioferskaat. Dat bart yn it ramt fan de bioferskaatkampanje ‘Wat sille we no belibje’. De studinten gean by it útdielen yn petear mei jongelju oer tema’s as oerbefolking en bioferskaat.

Foto: pixabay.com

Op it stuit komt de maatskippij út in koroanatiidrek dêr’t we mei ús allen ‘opsletten’ sitten ha. Trendsjoggers foarsizze in simmer fan de leafde. Te ferlykjen mei de rûzige tweintiger jierren en sechtiger jierren dêr’t seks, frijheid en blidens de boppetoan yn fierden. In moaie gelegenheid om studinten op in ludike wize bewust te meitsjen fan it feit dat se de simmer fan de leafde foar behâld fan it bioferskaat ‘feilich’ fiere moatte.

Mei de kondooms diele de studinten ek in pûdsje mei sied fan in blommemingsel foar de bijen út. Dat sied kinne minsken yn ’e grûn dwaan om it bioferskaat fuort te sterkjen. Oerbefolking bedriget it bioferskaat. It is net allinnich foar jinsels feiliger om seks mei in kondoom te hawwen, mar ek foar de rest fan de wrâld. De organisatoaren wolle elkenien oproppe om foaral te genietsjen fan de simmer fan de leafde, mar men docht der goed oan om it sied yn ’e grûn te dwaan.

De aksje set op 24 juny om 14.30 oere yn de Prinsetún yn Ljouwert útein mei in iepening troch Froukje Hernamdt fan de FMF. Dêrnei sille de studinten fan Osiris siedkanonnen mei blomsied ôffjurje.

Mear ynformaasje is te finenen op: www.watzullenwenoubeleven.nl.

juny 22, 2021 08:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan A. Schulp juny 23, 15:15

    As de lju fan Osiris fine dat der te folle minsken binne, kinne se harsels ek gewoan ophingje. Dat giet hurder as rekkenje op de kondooms.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.