Kom del by boeren en túnkers en genietsje fan it plattelân
Resint ferskynd
Nei in suksesfolle krystedysje fan ‘Boeren en túnkers pakke út’ organisearje boeren en túnkers yn Fryslân fan ’t simmer wer aktiviteiten lykas in knapsekrûte yn de Ychtenfeanpolder of in pankoekmiddei op De Feanhoop. Gean mei, sjoch op it hiem en genietsje fan it plattelân. De aksje is in inisjatyf fan LTO Noard, Boert Bewust, ZLTO en Team Agro NL.
“Wy nûgje jo graach út om fan ’t simmer fan it plattelân te genietsjen. Dat kin yn jo eigen omjouwing en ek yn de fakânsje yn eigen lân”, seit LTO Noard-foarsitter Dirk Bruins. “Boeren en túnkers organisearje fan ’t simmer op in protte plakken yn Nederlân aktiviteiten foar elkenien, fan jong oant âld. Mei dy aktiviteiten sykje boeren en túnkers op in positive wize de ferbining mei de mienskip.”
Boeren en túnkers pakke út, foar in moaie simmer
Kom del by boeren en túnkers en genietsje fan aardige aktiviteiten op it plattelân. Tink oan in fyts- of kuiertocht, ite op in kleedsje op ’e grûn, in spannend maisdoalhôf, in rûnlieding troch de stâl of op it hiem, speurtocht of wurkatelier ‘ko skilderje’. Sjoch foar alle aktiviteiten by jo yn ’e buert op http://www.boerenentuinderspakkenuit.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje