Keunstner Klaas Koopmans en it Fryslân fan syn tiid – ôflevering 1

juny 27, 2021 08:42

​Tresoar hat twa fideo-ôfleveringen makke oer Klaas Koopmans en it Fryslân fan syn tiid. Bert Looper, direkteur fan Tresoar, fertelt dêr yn koarte kolleezjes yn oer de man en syn wurk, mar ek oer it Fryslân fan de fyftiger en sechstiger jierren. De ôfleveringen slute oan by de útstalling Waanzinnig! Het buitengewone leven van Klaas Koopmans dy’t oant en mei 27 juny 2021 te sjen is yn Museum Dr8888

​Op 7 augustus 2020 wie it krekt hûndert jier lyn dat Klaas Koopmans berne waard. As lid fan de keunstnersgroep Yn ‘e line wurke er yn in lyrysk-ekspresjonistyske styl en sleat er oan by lanlike en Flaamske tiidgenoaten. Yn tekeningen, etsen en skilderijen ferbylde de keunstner it Fryske lânskip. Syn unike wize fan sjen nei it lânskip is foar in soad minsken yn it hjoeddeistige Fryslân in boarne fan skjintme en ynspiraasje. Neist syn lânskippen wurdt Koopmans nasjonaal en ynternasjionale eare om syn saneamde gestichtstekeningen. Yn ferskillende psychiatryske ynstellingen dêr’t er tydlik wie, lei er yn ienfâldige, mar sekuer troffen streken de kwetsberheid fan de minske fêst.

Oflevering 2 is meikoarten te sjen.

juny 27, 2021 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.