Keramykmuseum Prinsessehof presintearret grutte útstalling oer Korea

juny 14, 2021 09:22

Fan 16 oktober 2021 oant en mei 4 septimber 2022 presintearret Keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert in wiidweidige Korea-útstalling. It rike ferline en de iuwenâlde kultuer fan Korea wurde ûntdutsen oan ’e hân fan tema’s as ytkultuer, skjintme-idealen en rituelen. Spesjaal foar de útstalling komme topstikken út it National Museum of Korea yn Seoul nei Ljouwert; dy binne foar it earst yn Nederlân te sjen. Neist kostber jadegrien seladon, puer wyt porslein en iuwenâld ierdewurk lit it Prinsessehof gebrûksfoarwerpen sjen as muzykynstruminten, mar ek filmbylden en kostúms. Hjoeddeisk wurk fan Koreaanske keunstners lit sjen dat keramyk noch hieltyd in wichtige rol spilet yn it Korea fan no.

Foto: Ruben van Vliet

Tsjintwurdich kenne we Korea fan merken as Samsung en Kia, de ûnbidich grutte populariteit fan K-Pop lykas BTS, de Koreaanske keuken en de Oskarwinnende film Parasite. Keramykmuseum Prinsessehof sjocht fierder as it klisjeebyld en dûkt yn de kultuerskiednis fan dat bysûndere lân, oan ’e hân fan de keramyk dy’t yn Korea sa ferweefd is mei syn tradysjes. As lân fan beskieden grutte, ynsletten troch kulturele giganten as Sina en Japan, hat it in dúdlike eigenheid witten te behâlden, dy’t weromkomt yn in eigensinnige keramyske foarmtaal, mar ek ta utering komt yn it Hangul, it Koreaanske skrift. De útstalling wurdt fris en eigentiidsk foarmjûn troch ûntwerpduo Koehorst in ’t Veld. Der is by de útstalling in wiidweidich programma ûntwikkele mei feestlike en ferbinende aktiviteiten. De útstalling markearret boppedat in moaie oanlieding om it sechstichjierrich bestean fan hannelsrelaasjes tusken Nederlân en Súd-Korea te fieren.

Fan ytkultuer oant rituelen
Yn de útstalling giet de besiker tematysk de lange skiednis troch fan de Koreaanske kultuer, dêr’t keramyk altyd in wichtige rol yn spile hat. Fan tiidleaze onggi stiennen foarriedpotten, dêr’t generaasjes lang famyljeresepten as kimchi yn tamakke waarden, oant fideofragminten fan meokbang, in nije raazje dêr’t minsken by ite ûnder online tafersjoch. Lúkse-objekten foar yn de studearkeamer en statussymboalen as in swarte hoed meitsje de Koreaanske ‘yangban’ elite-kultuer fielber. Prachtige seladon doaskes út de Goryeo dynasty (918-1392) foar it bewarjen fan make-up litte sjen hoe’t it spesifike Koreaanske skjintme-ideaal dat no bekend stiet as K-beauty in lange skiednis hat. Fierder wurdt der wiidweidich omtinken jûn oan de rol fan seremoanjes en rituelen. Wyreekbranders, fazen, dûnsklaaiïng en oare rituele foarwerpen litte in byld fan de talleaze seremoanjes dy’t troch de iuwen hinne in wichtich part fan de Koreaanske mienskip west hawwe.

Foto: Prinsessehof Ljouwert

Hjoeddeiske keunst
Neist histoaryske objekten lit it Prinsessehof spektakulêr wurk sjen fan trije hjoeddeiske Súd-Koreaanske keunstners: Yee Sookyung (1963), Juree Kim (1980) en Kyung-Jin Cho (1987). Yn de Translated Vase fan Yee Sookyung binne diggels fan stikkengoaide wurken fan hjoeddeiske keramykmasters neffens de Japanske kintsugi-metoade mei goudlak oaninoar lime. De ynstallaasje Swing Jam fan Kyung-Jin Cho soarget foar in meditative totaalûnderfining troch in bal dy’t tusken ierdewurken potten sweeft en dy licht oantikket. Juree Kim lit in fan klei makke skulptuer sjen fan in tradisjoneel Koreaansk gebou omjûn troch wetter. It wetter taast yn de rintiid fan de útstalling de klei oan, wêrtroch’t it wurk stadichoan fergiet.

Klankboerdgroep
Foar it ta stân kommen fan dizze nije eksposysje wurket it museum mei in klankboerdgroep dy’t bestiet út Nederlânske Koreanen en Korea-spesjalisten. Jörgen Tjon a Fong, bekend fan de podcast Museum in de Maak en belutsen by útstallingen as Zwart in Rembrandts tijd en de slavernij-útstalling yn it Ryksmuseum, is as moderator oanlutsen foar de klankboerdgroepgearkomsten. De alve panelleden tinke mei en reagearje op de plannen foar de útstalling, fan ynhâld oant foarmjouwing en fan marketing oant aktiviteiteprogrammearring. Ek fertelle in pear panelleden persoanlike ferhalen yn in audiotoer, aansten te beharkjen yn de útstalling.

Foto: National Museum of Korea

Gearwurking
Foar de útstalling komme tsientallen brûklienen út Súd-Korea nei Ljouwert. De topstikken komme út it National Museum of Korea yn Seoul. It Prinsessehof hat in langduorjende gearwurking mei dat museum; earder wienen al foarwerpen út dy kolleksje te sjen yn de útstalling Gezonken Schatten en in grutte kolleksje Europeesk en Aziatysk keramyk fan it PrinSessehof is op dit stuit yn Seoul te sjen. Foar de grutte Korea-útstalling komme ek stikken fan Museum Folkekunde yn Leiden en Gugak National Center yn Seoul nei it Prinsessehof.

Publikaasje
By de útstalling ferskynt in ryk yllustrearre publikaasje. Hee-Jeong Kim, konservator by it NMK, draacht by mei in ynlieding dy’t in oersjoch jout fan de Koreaanske skiednis en de rol dy’t keramyk dêryn spile hat. Konservator en ynhâldlike spil fan de útstalling Eline van den Berg ljochtet oan ’e hân fan de tema’s in seleksje objekten ta dy’t djipper yngeane op de ûnderskate aspekten fan de Koreaanske kultuer. De publikaasje ferskynt yn it Nederlânsk en IT Ingelsk en is te krijen yn de museumwinkel.

juny 14, 2021 09:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.