Kaartsje foar romteflecht mei Jeff Bezos foar 28 miljoen dollar feile

juny 15, 2021 08:37

Foto: Wikipedia/LunchboxLarry – CC BY 2.0

In kaartsje foar de earste toeristyske romteflecht fan Blue Origin is sneon foar 28 miljoen dollar (sa’n 23 miljoen euro) feile. Dat skriuwt CNN op basis fan ynformaasje fan minsken dy’t by de feiling wiene. It is net bekend wa’t de keaper is. Neffens Blue Origin wiene sa’n 7.600 bieders út 159 lannen by de feiling oanwêzich.

De keaper giet mei Amazon-topman Jeff Bezos en syn broer Mark mei op de flecht op 20 july. De reizgers stappe yn in kapsule mei plak foar seis persoanen. Dy wurdt boppe op de achttjin meter lange New Shepard-raket sa’n hûndert kilometer boppe de ierde brocht. Dêr ûnderfine de romtetoeristen efkes hoe’t it is om gewichtleas te wêzen. Dêrnei gean se werom nei de ierde en sille dêr mei help fan parasjutes lânje. De flecht duorret yn totaal alve minuten.

juny 15, 2021 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.