Kaartferkeap teaterkonsert Tiidgenoaten úteinset

juny 21, 2021 08:27

By de lansearring op 17 juny fan de dûbel-cd Wurden fan komponist/sjongeres Hiske Oosterwijk, is it startsein fan de kaartferkeap fan Tiidgenoaten jûn. Dy teaterkonsertrige fan de Gysbert Japicx Holckema Stichting is fan 14 o/m 24 oktober yn de Broeretsjerke yn Boalsert. Tiidgenoaten draait om de talige en muzikale moeting fan Hiske Oosterwijk en Gysbert Japicx.

Hiske Oosterwijk (foto: Team Tiidgenoaten)

Yn Tiidgenoaten moetsje de eigensinnige teksten fan de 17-iuwske skriuwer en dichter Japicx de jazzy klanken fan Oosterwijk (1989). De twa diele in passy foar it Frysk en in wrakseling mei it keunstnerskip. Alde teksten krije nije betsjutting yn dit teaterkonsert oer it fermogen fan minsken om oer grinzen, foaroardielen en ferskillen hinne kontakt mei-inoar te lizzen. Rieneke Speerstra fan de Gysbert Japicx Holckema Stichting: “It konsert is in histoarysk momint. Nei sa’n 400 jier komme de wurden fan Gysbert wer ta libben. Hoe moai is it dat de tiid ferdwynt en syn klanken op ’e nij yn Boalsert it ljocht fine sille!”

Mienskiplike ynspanning
It idee foar it konsert ûntstie trochdat Oosterwijk de teksten fan Japicx op nije muzyk sette. In part fan dy komposysjes kaam ta stân tanksij in opdracht fan de Gysbert Japicx Holckema Stichting en in bydrage fan it lanlike Fûns Poadiumkeunsten. Yn Tiidgenoaten wurdt in live-útfiering fan dy fersen kombinearre mei foardracht en ymprovisaasje. Der binne teatermakkers mei ûnderfining by behelle. Sa docht Bruun Kuijt de rezjy en ûntwerpt Hadewych ten Berg dekôr en kostúms.

Hiske Oosterwijk (foto: Team Tiidgenoaten)

Yn de Broeretsjerke stean yn oktober neist Oosterwijk ferskate oare musisy op it poadium: Niels Voskuil (slachwurk), Andrea Caruso (kontrabas), Job Posthuma (gitaar), Benson Enowben Itoe (elektryske bas), Rosie Teakema (sello) en Jasper Blokzijl (piano). Oan it ta stân kommen drage noch in protte oare persoanen en organisaasjes by. Speerstra: “Der is sá hurd wurke om mei in hiele ploech – en in protte organisaasjes dy’t oanheakke binne – ta in prachtich teaterkonsert te kommen. As stichting binne sy bysûnder grutsk op it hiele barren!”

Mear ynformaasje oer de teaterkonsertrige en de kaartferkeap is te finen op gysbert.frl.

juny 21, 2021 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.