Jan Schokker: Knooppuntdowen

juny 26, 2021 07:00

Kollum

Ik wie suver senuweftich, mei ynienen alle nije frijens.
Jawis, wy koene der wer op út en wat wie ik dêroan ta. Alhoewol, wy mochten net krimmenearje, sa slim wie de koroanatiid foar ús no eins ek wer net. Wy wenje bûtenút, ik ha de put derút en sa stadichoan ek it grutste part fan de putsjes om hûs hinne. De iennige kontakten wiene sa’n bytsje mei de famylje en dat bliuwt fertroud folk. It grutste risiko op in besmetting rûnen wy yn de supermerk, mar it lok hat ús miskien noch wol it meast ôfskerme foar it firus.

Hawar, twa spuiten tsjingif deryn, foar de wissichheid noch wat reservetiid ynboud, fan it ynternet in hoteloanbieding fiske en hupsakee de fytsen efter op de auto knope. It reisdoel wie Ootmarsum. Wat in nijsgjirrich doarp mei allegearre keunst, galeryen, ateliers en wat ek in bysûndere omjouwing. Twa nachtsjes, trije dagen om dêr wat om ús hinne te sjen wie fierstente koart fansels. It waar wie sa as winske mei sok in befrijingsfeest, ideaal om troch de bosken en fjilden te fytsen. It hotel siet fol mei grize dowen, op de strjitten en terrassen siet it tsjokfol mei grize of keale âlden en sa te sjen gjin bûtenlanner te bekennen.

Fan it hotel krigen wy fytsrûten fol knooppunten mei. Sa maklik as wat, tocht ik. In systeem siet der net yn mei al dy nûmers troch inoar hinne, mar it wie wol in garânsje foar it ûntdekken fan alle bysûnderheden yn ’e omkriten. De rûte wie goed oanjûn, mar je misse ek samar in buordsje troch it hege gers, de skerpe sinne of troch just net skerp te wêzen.

De man siet heech en selsbewust op syn fyts en wêr’t gewoanwei by steltsjes de frou foarop fytst en de man der wat knoarrich tsien meter efteroan karket, ried dizze keardel fier foar syn frou út en dat hie my wach meitsje moatten. Wy wiene him al ris earder foarby brûsd en letter wer in kear tsjinkommen om’t ik in knooppuntbuordsje mist hie. By de tredde kear wiisde er my hokker kant ik út moast. Hy hold krekt foar my stil, wiisde nei in bakje dat er op it stjoer hie. Hy hie my wat te sizzen, die bliken.

‘Sjoch, sa haw ik dat,’ sei de man eptich, wylst er nei myn suterich byinoar frommele A4 mei knooppuntnûmers seach. ‘Jo kinne in app mei knooppunten delhelje op de I-phone en dan ha jo in pracht fan in rûteplanner. Stompienfâldich!’
Ik woe foar de grap freegje wat yn fredesnamme in I-phone wie, mar ik skatte yn dat dizze man gefoelleas wie foar myn humor. Ik komplimintearre him dus tige mei syn bjusterbaarlike útfining.
‘Is myn útfining net’, sei er, ‘by ús yn it westen hat elkenien soks.’
Sa, hy sette my moai teplak. Lake er no of net?

‘Wat dochst’, frege de frou letter by al wer in knooppunt, doe’t ik drok dwaande wie mei it skriuwen fan alle noch te ûntknoopjen knooppunten op de boppekant fan ’e hân.
‘Ik helje de nûmers del fan dit boerd en sa hoech ik allinne mar op myn hân te sjen, folle handiger.’
‘Wêr hast dan dat briefke mei fytsrûten fan it hotel?’ woe se witte.
‘Ferlern.’

Och, wat wie it waarm yn en om Ootmarsum. Doe’t ik healwei de middei foar de lêste kear op ’e hân seach wiene de sifers wei wurden troch it swit of it smarsel fan de sinnebrân.

Ik moat letter dochs ris wat betters útfine.

juny 26, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.