It Deltaplan foar de wenningbou, in planologysk ûnding

juny 14, 2021 19:02

Skôging troch Sybren Singelsma

It Congrès Internationaux d’Architecture Moderne (CIAM) wie in grut ynternasjonaal platfoarm dat yn de earste helte fan ’e tweintichste iuw in wichtige ynfloed hie yn it debat oer arsjitektuer. It bestie fan 1928 oant 1959. Ien fan de wichtichste ideeën dy’t derút fuortkamen wie dat fan de funksjonele stêd. Plande stêden, dêr’t de funksjes lykas wenjen, wurkjen en rekreaasje yn faninoar skaat wiene, waarden yn ’e CIAM promoate.

Yn Nederlân, wetterlân en dêrtroch fan natuere in lân fan planologen, waarden de prinsipen fan ’e skieding fan funksjes goed tapast. Yndustry wie ommers fersmoargjend en dat moast apart fan de wenfunksje organisearre wurde. Rekken hâldend mei de skieding fan funksjes waard de rekreaasjefunksje bûten de wenwiken organisearre. As resultaat waard de fjirde funksje, ferkear, hiel wichtich.

De teory late ta files yn ’e wike nei en fan it wurk en files yn it wykein nei en fan it strân. It fileprobleem is sa grut wurden dat it in rem wurden is op ekonomyske ûntwikkeling en in bedriging foar natuer, it miljeu en klimaat.

Alle reden dus om dy skieding fan funksjes opnij te besjen. Dat is mooglik om’t de needsaak foar dy skieding fan taken flink fermindere is. Yndustry is folle minder fersmoargjend, wurk wurdt organisearre op folle lytsere skaal, de tsjinstesektor kin goed útfierd wurde yn in wenwyk, mar foaral moat betocht wurde dat dy monomorfe wiken net goed binne foar de kwaliteit fan it libben yn ’e stêd. It yntegrearjen fan funksjes is dus fitaal foar de sosjale koheezje yn stedswiken.

In oantal jierren is de de trend dêrom omslein nei funksjonele yntegraasje. Op dy manier wurde stêden en wiken libben, nimt de needsaak foar ferkear ôf en wurdt it miljeu minder belêste. In trend dy’t fersterke wurdt as gefolch fan ’e koroanakrisis en de nijere modernere wurkwizen.

It plan om Noard-Nederlân better te ferbinen mei it stedske netwurk, presintearre yn in sabeare wittenskiplike taal troch – ja, troch wa krekt? – giet folslein tsjin dy trend yn. It is dêrom goed om te besjen hokker probleem oft dêrmei oplost wurdt.

As wy it wenningtekoart yn ’e Rânestêd oplosse wolle, moatte dy huzen dêr boud wurde, op basis fan it idee fan funksjonele yntegraasje. Dan kinne wy dy Rânestêd fuortendaliks in hert jaan. Want op it stuit bestiet de Rânestêd net. It sintrum fan ’e Rânestêd is gjin libben stedsplein, mar de greide by Alphen aan den Rijn. It fol bouwen fan it Griene Hert neffens de nije prinsipen is dan ek it meast juste antwurd op it wenningtekoart yn ’e Rânestêd. De fraach bliuwt wêrom’t it Deltaplan presintearre waard.

No blike yntinsjes út ’e resultaten. It resultaat fan it plan is dat der troch in ekstreme skieding fan funksjes – nammentlik it bouwen fan huzen foar de Rânestêd yn Fryslân, Grinslân en Drinte – in grut ferlet fan ferfier wêze sil. Dat wie de bedoeling, want dan ha je in goed argumint om it spoar fan Grins nei Amsterdam flugger te meitsjen, ek al ha de minsken yn Súdwest-Fryslân dêr neat oan.

As dat it probleem is dat oplost wurde moat, binne der lykwols oare manieren as it tapassen fan in ferâldere planningskonsept dat de Fryske iepen romte ferpest en de klimaatdoelen fierder fuorttriuwt. Dêr moat Grinslân dan mar jild foar sykje. Dat is better as it fuortsmiten fan it Fryske lânskip.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
juny 14, 2021 19:02
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A. Kramer juny 17, 11:49

    Ik soe yn it “Groene Hart” ek net te folle huzen sette. Doch dat mar yn of koartby de stêden yn ‘e Rânestêd. Dy’t kinne dan ek in funktioneel yntegrearre stêd wurde. De griene gebieten yn of by de Rânestêd dy’t der no binne hawwe ek in eigen funksje. In folbouwe fan dat mei wenten skansearret it eigene fan dat gebiet, lykas dat mei Fryslân barret as je dêr in soad wenten foar Rânnestedelingen del set. Ek komt der dan te folle ferkear fan ‘e stêdden út nei it “Groene Hart”. Dan moatte der dêr wer nije diken en spoardiken komme.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.