In nije kollumnist: Binne Mosk

juny 8, 2021 20:39

Ut en troch slagget it de redaksje om in nije kollumnist of skriuwer te finen. De Fryske skriuwersfiver is lyts en it skriuwen foar It Nijs is willewurk. Jo moatte sadwaande froulju of manlju fine dy’t it as in ear beskôgje om wat te publisearjen, om ideeën ûnder de minsken te bringen, mar dy’t der net fan hoege te libjen. No slagget dat lêste dochs al net foar skriuwers yn in Frysk. Hawar, wy hawwe nei lang sangerjen Binne Mosk ree fûn om te publisearjen. Hy hat tasein ien kear yn ’e fjouwer wike in stikje fan 500 wurden te leverjen. Hy hat niget oan de natuer. Tige aktueel. Wolkom Binne!

De redaksje

Binne Mosk: Moalwjirmen

Minsken kinne har ferpleatse yn de gefoelens fan oare minsken. Dat is part fan it sukses as sûchdier. Just troch te betinken wat in oar dwaan of sizze sil, hâlde jo de sosjale struktuer yn famylje, freonen of wurk yn stân. Psychopaten binne der sterk yn, mar dy brûke it allinne foar it wolwêzen fan harren sels en dat is net de bedoeling.

Gefoelens fan dieren, dêr kinne minsken har ek yn ferpleatse. Sa haw ik in muoike dy’t alle kearen har twa sâlte hjerringen dielt mei har reade boarre, want dy is gek op fisk. It is mar ien fan de foarbylden. Minsken gûle by de film Bambi as mem deasketten wurdt, se wurkje as frijwilliger op de diere-ambulânse, dogge mei oan aksjes foar de ‘Kening fan de greide’, binne lid fan de dierebeskerming en gean sa mar troch. Dat soene se net of minder dwaan, as se har net ferpleatse koene yn it gefoel fan dieren.

Soks kin fier gean. Ferline wike sneon hie frou Anneke Landsman út Hillegom in ynstjoerd stikje yn de Volkskrant dat begûn mei: “Huiverend las ik het artikel over het eten van meelwormen.” Net omdat se it fiis fynt, mar omdat kweker Jelte-Pier Slump se yn siedend wetter smyt, foardat er begjint mei se te wokken.

Frou Landsman soe graach sjen dat de nije wet oer it wolwêzen fan yndustrydieren ek jildt foar sokke wjirms. Ik freegje my ôf wat Anneke docht wannear’t de klyster yn har tún in wjirm trochmidden byt. Wa wit leit se der wekker fan. Ik net.

Fan 2023 ôf krije bisten romte foar harren natuerlike gedrach

Okkerwyks hat de Earste Keamer in nije wet oannommen dy’t bepaalt dat fan 2023 ôf bisten romte krije moatte foar harren natuerlike gedrach. Sa mei in knyn net mear yn in hok holden wurde en in kanarje net mear yn in kouwe. Fansels begjinne guon minsken mei geëamel as “Mei myn hûn aanst net mear oan de line, of mei myn kat nachts noch binnendoar.”

Minsken dy’t oer dy wet seure, soene har ris yntinke moatte wat it betsjut foar in knyn om allinne jier yn jier út yn in hok te sitten of as kanarje ien meter fleane te kinnen. Kninen binne sosjale dieren dy’t graach troch it fjild drave en kanarjes hâlde derfan om yn de frije natuer te fleanen. Minsken waarden net goed fan de Covidlockdown. Se soene nei in pear dagen stapelgek en djip ûngelokkich wurde yn in hok of in kouwe.

It is in goede saak om mei dizze wet te kommen. Der sil mear neitocht wurde oer wat minsken somtiden sûnder kweade bedoelingen dieren oandogge. It begjin fan de befrijing fan dieren is al begûn mei it ferbieden fan wylde dieren yn in sirkus. Dûnsjende bearen hawwe wy hjir al iuwen net mear. Ik hoopje wol dat de moalwjirms fan Slump ynkoarten by Albert Heijn te keap lizze.

juny 8, 2021 20:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.