In minske sûnder hûs is as in fûgel sûnder nêst

juny 20, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Yn ús wrâld binne 35 miljoen flechtlingen. Yn elk plak dêr’t in AZC is, sjogge wy se op strjitte. Se falle op: krekt wat oars yn ’e klean, wat donkerder fan hûd en hier, froulju mei holdoekjes.
Wat giet der yn harren om? De goed tsientûzen frijwilligers yn de mear as fjouwerhûndert wurkgroepen foar flechtlingen witte der wat fan.
In âlde wysheid is: In minske sûnder hûs is as in fûgel sûnder nêst (Spreuken 27:8). En in fûgel sûnder nêst is foar de kat of stjert troch de kjeld.
Eppie Dam brocht it sa moai ûnder wurden:

Er moet een tuin zijn voor de merel
er moet een boom zijn voor de specht
er moet een plek zijn op de wereld
waar niemand met je vecht.
Er moet een plek zijn op de wereld
waar je altijd veilig bent.

It ferhaal Ruth begjint mei in hongersneed. Dêrtroch wurdt in famylje út Israel ekonomysk flechtling. Wat hat dat emosjoneel foar harren betsjut? Wat hat it harren koste om harren bedriuw op te jaan, it hûs te ferkeapjen, famylje en kunde efter te litten?
Yn in preek haw ik wolris frege: Stel dat wy yn Algerije of sa, as húshâlding yn in AZC sieten, hoe soenen wy ús fiele?
Hylke Speerstra skreau yn It wrede paradys oer minsken dy’t út Fryslân wei emigrearren. Ik lês dêryn: “Altyd en oeral tôgen se fierder mei op ’e rêch it stee dat harren pinige en dêr’t se fan holden.”
En as hjoed-de-dei op in doarp asylsikers út in bus stappe, is “de pine fan it losskuorren op ’e gesichten te lêzen.”
Kinne wy dêr begryp foar opbringe en harren in waarm nêst oanbiede?

Lêze: Ruth 1:1-3
(Yn Israel hearde en heart it boek Ruth fanwegen de rispinge yn de Pinkstertiid.)

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
juny 20, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. mbc84 juny 24, 03:49

    Jo hawwe yndie gjin idee wat der yn dy koppen omspilet. Wat in naïviteit en dommens yn ien stik. Ophâlde mei dat kontgatslikjen fan frjemd folk dat ús hatet.

  2. Abe juny 24, 16:12

    Spitich dat ItNijs rassistyske reaksjes fan anonime omkoalen stean lit dy’t it earste it bêste doarpskrantsje der noch útfiskje soe.Romhertich talittingsbelied?

  3. mbc84 juny 24, 21:01

    Der is neat rassistysk oan myn reäksje. Jo wolle it net witte en sjogge de oare kant út.

    Dat sêfte nuete hâlden en dragen tsjinoer dit soarte folk, foar harren is it in teken fan swakte. Hja binne bybrocht wurden dat wy minderweardich binne, om tal fan redenen. Jo wolle dêr neat fan witte, jo lizze in kristlike moraal hinne oer dit folk. It makket der misbrûk fan. Ik lit my net misbrûke en misledigje.

  4. Jabik juny 25, 21:13

    Iens mei Abe. It wurdt de heechste tiid dat de redaksje einliks in kear in ein makket oan it ôfwaaid praat fan dizze persoan dy’t graach mei modder smyt mar te lef is om him/har bekend te meitsjen.

  5. mbc84 juny 26, 17:24

    Grif. Witte je hoe’t se it oanpakten yn de DDR? Krekt…

  6. Martinus juny 26, 23:14

    Nea wurdt ôfrege wat de oarsaak is dat minsken flechtsje moatte. Begjin dêr earst mar ris mei. As je dat begripe, dan bin je op’e helte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.