Hylke Speerstra – ‘Testamint fan de siel’

juny 2, 2021 09:07

Moandei hat Hylke Speerstra ûnder in soad belangstelling de earste eksimplaren fan syn nije roman sinjearre op De Gordyk. In feestje ta eare fan de ferskining fan it boek én fan syn 85e jierdei op 7 juny.

Boarne: Bornmeer

Twa jonges belibje, alhiel los faninoar, in ferskriklike jeugd. De iene yn it Fryske wetterlân, de oare tusken in keppel mislearre ymmigranten op de Kanadeeske prairy. As bern wurde se oan harren lot oerlitten, mar se sette troch. Beide meitsje se karriêre en fine de leafde. Wat se trochmakken en harren pleaget ferswije se. Oant se wer allinne komme te stean en yn Kanada as âlde manlju mei-inoar yn ’e kunde komme.

Se reitsje oan ’e praat en fertrouwe inoar ta wat se nea kwyt woene. By tafal komme se derefter dat harren hertferskuorrende libbens mei-inoar gearhingje…

Hylke Speerstra (1936) wie ûnder mear redakteur fan it Fries Landbouwblad en de Friese Koerier en haadredakteur fan de Ljouwerter Krante. Derneist skreau er in grut tal boeken, lykas Kening op sokken, It wrede paradys en De Oerpolder.

ISBN 978 90 5615 763 0 | ynbûn | 440 siden | € 29,90

Testamint fan de siel is te krijen by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl.

juny 2, 2021 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.