Hoe sjocht it fleantúch fan de takomst derút?

juny 22, 2021 09:06

It wittenskipsprogramma De Kennis van Nu komt woansdei mei in fyftich minuten duorjende útstjoering dêr’t yn sjen litten wurdt hoe’t de wittenskip op tal fan manieren besiket om fleanen duorsum te meitsjen.

Foto: ©NTR

Oan it wurd komme hjoeddeiske fleantúchpioniers, de minsken dy’t oan it fleantúch fan de takomst wurkje. Dêrby moatte we tinke oan oare foarmen – fleantugen dy’t der hiel oars útsjogge as wy wend binne – mar ek oan oare brânje, lichter materiaal en ‘snoade wjukken’. Op dat mêd blykt in protte geande te wêzen. De nije ûntwerpen wurde toand oan passazjiers, en harren reaksjes sizze in protte.

De Kennis van Nu spesjaal: ‘Het nieuwe vliegen’

Utstjoering: woansdei 23 juny 2021 om 20.30 oere by de NTR op NPO 2.

juny 22, 2021 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.