Hoe leauden leken yn de midsiuwen

juny 27, 2021 07:00

Op freed 2 july komt by Walburgpers in boek út oer it leauwen fan Fryske en Grinslanner boeren en boargers yn de midsiuwen: Geleefd geloof fan Anneke B. Mulder-Bakker en Rolf H. Bremmer Jr (red.)

Hoe’t gewoane midsiuwers oer de lear fan de tsjerke tochten, kinne we net út ’e earste hân witte. Dochs is der wol wat te sizzen oer hoe’t se yn it húslik en maatskiplik fermidden harren leauwe uteren.
Geleefd geloof beskriuwt en ferbyldet harren religieuze kultuer oan ’e hân fan objekten, lykas ierdewurken hilligebyldsjes, ienfâldige gebedeboekjes en prachtig opgniste tijboeken, pylgerynsynjes, relikwyen en relykdoaskes, en gebedsteksten mei fingerôfdrukken en spoaren fan triennen derop. De religieuze bruorskippen en fromme, lytse húsmienskippen foar leken wurdt ek omtinken oan jûn.

De skriuwers hawwe har beheind ta it gebiet fan Friezen: de tsjintwurdige provinsjes Grinslân en Fryslân. Dy ûnderskaten har nochal fan de omlizzende gebieten. Se waarden net troch greven of hartoggen bestjoerd, de biskoppen wennen fier fuort en se hiene in eigen taal en rjochtssysteem. It is dan ek net tafallich dat krekt yn Fryske rjochtsteksten ôfwikende teologyske tinkbylden te finen binne. De stúdzje hâldt op by de Reformaasje, dy’t yn dizze omkriten om 1580 hinne syn beslach krige.

Anneke B. Mulder-Bakker dosearre skiednis en midsiuwske stúdzjes oan de Ryksuniversiteit Grins. Se is spesjalisearre yn midsiuwske kultuer en religy en publisearret oer religieuze froulju, kluzeneressen, hilligen en hilligeleginden.
Rolf H. Bremmer Jr wie heechlearaar Ingelsk en bysûnder heechlearaar Frysk oan de Universiteit Leien. Hy skreau ûnder mear Hir is eskriven. Lezen en schrijven in de Friese landen rond 1300 (2004).

De presintaasje fan it boek is op 2 july fan 15.00 oere ôf te folgjen fia in ‘livestream’ út Tresoar (klik hjir) mei as programma:

  • lêzing fan publisiste Marjoleine de Vos oer it belibjen fan midsiuwske Grinslanner en Fryske tsjerken;
  • koarte film fan Hanneke Heerema oer Mariaferearing (spesjaal foar dizze gelegenheid makke);
  • oerlangjen earste eksimplaren oan de beide direkteuren fan Stichting Oude Groninger Kerken en de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Boekgegevens
Anneke B. Mulder-Bakker, Rolf H. Bremmer Jr (red.)
Geleefd geloof. Het geloofsleven van boeren en burgers in Friesland en de Ommelanden van Groningen, 1200-1580
Ynbûn, 246 siden, € 29,99
ISBN 9789462496552, Walburgpers

juny 27, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.