Henk Wolf: Sa rêde de Sorben harren taal

juny 1, 2021 10:49

Kollum

Foar myn wurk sit ik yn ferskate oerlisgroepen dêr’t fertsjintwurdigers fan Europeeske taalminderheden yn fertelle oer har wurk. Yn ien sa’n groep fertelde koartlyn in jongkearel út de East-Dútske streek de Nederlausitz wat oer in projekt dêr’t er by behelle wie: Zorja. It like him ek o sa gaadlik foar it Sealterfrysk.

As talen ferdwine, dan komt dat faak trochdat âlden se net oan de bern trochjouwe. Yn Europa is de reaksje hjoed de dei faak om it ûnderwiis de taak fan de âlden oernimme te litten: om de taal te bewarjen wurdt dy op skoalle oanbean: as fak, as fiertaal of beide.

Dat kin der wol ta liede dat bern dy taal lêze en ferstean kinne, mar it betsjut net automatysk dat se dy ek begjinne te brûken. Dêrfoar moatte se ek yn fermiddens komme dêr’t dy taal in funksje yn hat. De jonge taalkundige sei it likernôch sa: “Ik moat de earste minderheidstaal noch tsjinkomme dy’t foarútbuorke is trochdat er op skoallen brûkt wurdt.”

Yn de Nederlausitz wurdt fanâlds Nedersorbysk praat, in Slavyske taal dy’t troch de Dútsktalige befolking leechlein waard en yn de nazytiid sels aktyf ûnderdrukt is. Hjoed de dei is geweld tsjin minsken dy’t Sorbysk prate gjin seldsumheid. De sprekkers fan it Obersorbysk yn de oanbuorjende streek Oberlausitz ha ûnder dy druk wat better stânholden: it Obersorbysk hat hjoed de dei tsientûzenen sprekkers, wylst it Nedersorbysk neffens de jonge taalkundige noch sa’n hûndert memmetaalpraters hat, dy’t foar it grutste part âld binne.

Yn sa’n situaasje docht it gjin fertuten as de taal op skoalle brûkt wurdt, sei de man. Hy koe derfan meiprate: syn memmetaal wie Dútsk, hy hie op in Nedersorbysktalige skoalle sitten, mar koe de taal amper prate en pas doe’t er as folwoeksene lykstimden fûn, ha se troch ûnderling de taal te praten in ridlik nivo yn it Nedersorbysk berikt.

It foarstelde projekt Zorja is der dêrom op rjochte om jonge folwoeksenen Nedersorbysk te learen. Dat giet mar foar in lyts part yn de foarm fan lessen, it measte learen wurdt yn de praktyk dien, troch it Nedersorbysk te brûken by allegear aktiviteiten. It projekt begjint yn 2023. Dan kinne sa’n tsien minsken in jier lang Sorbysk leare: fiif dagen wyks, seis oeren deis. Fansels kinne se der dan net by wurkje, dus yn it ramt fan it projekt wurde har kosten foar libbensûnderhâld fergoede. De hoop en ferwachting is dat dy tsien minsken kaaifigueren wurde yn in nije Nedersorbysktalige mienskip: dat se it mei har bern prate, dat se in mienskip foarmje dy’t de taal ûnderhâldt en dêr’t de bern yn opgroeie mei Nedersorbyskpraters om har hinne. Mooglik wurde se leararen of aktiviteitebegelieders.

Yn Noard-Amearika binne sokke projekten al earder útfierd. Dêr ha se gâns fertuten dien: hast útstoarne yndianetalen mei minder as tsien sprekkers ha troch sawol yn bern as yn jonge folwoeksenen te ynvestearjen no wer tûzenen aktive sprekkers.

Sa’t de Nedersorbyske taalkundige sei: it soe wis ek in gaadlik projekt wêze foar it Frysk yn it Sealterlân. Foar it Frysk yn Noard-Fryslân, alteast op ’e fêstewâl, kin ik it my ek goed yntinke, mar ek foar Nedersaksyske dialekten mei in ûntbrekkende generaasje soe it nuttich wêze. It Grinslânsk, Drintsk en Stellingwerfsk – om mar ris trije te neamen – wurde ek dialekten fan âlde minsken, sa stadichoan. In pear lessen op skoalle binne net genôch, de jeugd moat de taal ek tsjinkomme.

Zorja wurdt folslein fergoede troch ferskate Dútske oerheden.

juny 1, 2021 10:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.