Henk Wolf: alles wat

juny 15, 2021 07:54

Kollum

Meastal kin ik foar myn taalsnipels sels betinke wat ik skriuw, mar diskear krige ik it fersyk om te reagearjen op in kollum fan Pieter de Groot yn de Ljouwerter Krante, in krante dy’t ik sûnt myn ferhuzing nei it Easterlauwerske net mear ûnder eagen krij. Aldergeloks krige ik it stik efkes tastjoerd. It is in reaksje op de titel fan in boekje fan Omrop Fryslân, dy’t tagelyk as radiogjalp brûkt wurdt.

Dy titel anneks gjalp is: Alles wat der spilet. De Groot skriuwt: “De âlde perfester Buma, altyd it reade poatlead yn ’e oanslach, soe de betinkers der fuort op wiisd ha dat it in hollanisme is: yn it Frysk is it net alles wat, mar alles dat. Ik haw foar de wissichheid de digitale Fryske Oersethelp rieplachte, want it soe samar kinne dat it hollanisme allang tastien is, mar wrachjes nee: it wurdt moai suver oerset mei Alles dat bart.”

De Groot is, sa goed as ik it wit, altyd aardich sekuer op ‘e tried as it om taal giet, mar no mist it de master. “Alles wat” is neat mis mei. Oft men der no grammatika’s, learboeken, wurdboeken of wurk fan âlde en nije skriuwers by pakt: “alles wat” is al knap lang heel gewoan Frysk.

Om mei de grammatika’s te begjinnen: Jan Popkema skriuwt yn paragraaf 4.5.4 fan syn Grammatica Fries dat wat as betreklik foarnamwurd brûkt wurdt by alles, dat, eat, neat en by hele sinnen. En de Internetgrammatika Taalportaal seit dat yn dy gefallen dat en wat beide mooglik binne.

Dan de learboeken. De altyd strange learmaster Sytze T. Hiemstra skriuwt yn paragraaf 5.3.1 fan syn Kursus Frysk skriuwen: “Wat wurdt brûkt nei alles en nei in hiele sin as antesedint of mei ynsletten antesedint: Dat is alles wat ik wit; Alles wat er docht, slagget him; Hy is slagge foar syn eksamen, wat my neat ôffoel; Se hat wurk fûn yn ´t heger ûnderwiis, wat tsjintwurdich grif net tafalt; Wat tasein is, moat dien wurde (ynsl. ant.).”

Dan it Wurdboek fan de Fryske Taal. Dat skriuwt by it lemma Wat I by dielbetsjutting iii.5.: “terugverwijzende functie naar een antecedent in de vorm van een substantief(groep) of voornaamwoord.”, mei as foarbylden bygelyks: “‘t Wie al sulver watter blonk.”. Dat sintsje komt út 1816.

Dan sitte wy al by de skriuwers. Dy brûke wat as betreklik foarnamwurd al op syn minst twahûndert jier. Net altyd, mar it gebrûk yn it Frysk komt o sa ticht by de regels dy’t der yn it Nederlânsk foar yn learboekjes steane. Njonken de gefallen dy’t Popkema neamt, sjogge wy al, lykas yn de foarbyldsin, en by oertreffende treppen. Waling Dykstra skriuwt bygelyks: “It minste hwet er döcht, der wirdt sa heech fen opjown.” Fia de DBNL binne samar in protte foarbylden te finen.

It is yn sawol it Nederlânsk as it Frysk wol sa dat dat as betreklik foarnamwurd âlder is as wat. Ynformeel Nederlânsk skoot wat hurder op nei wat as it Frysk, mar dan ha wy it oer gefallen lykas “het boek wat daar ligt” of “dat jochie wat ik gezien heb”. 

juny 15, 2021 07:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.