Hast 23.000 minsken reagearren op fakatuere foar astronaut
Resint ferskynd
Hast 23.000 minsken út hiel Europa hawwe sollisitearre op de fakatuere foar astronaut dy’t romtefeartorganisaasje ESA ein maart iepenstelde. Hast in fearn dêrfan is frou. Der reagearren ek 257 minsken mei in beheining. 998 Nederlanners stjoerden harren cv nei ESA.
It wie foar it earst yn alve jier tiid dat belangstellenden har oanmelde koene om astronaut te wurden. De ESA rôp yn de wervingskampanje mei klam froulju op om har oan te melden, mei’t de romtefeartorganisaasje in grutter ferskaat wol. De Europeeske organisaasje wol ek ûndersykje oft minsken mei in lichaamlike beheining astronaut wurde kinne. De kandidaten moatte in masterdiploma mei in eksakt fak hawwe, floeiend Ingelsk prate en meie net âlder as fyftich jier wêze.
De lêste kear dat de romtefeartorganisaasje iepen sollisitaasjes hold, wie yn 2009. Dêr kamen 8413 reaksjes op: fan goed 700 manlju en in lytse 1300 froulju. Uteinlik waarden seis minsken oannommen. Dêr siet gjin Nederlânske kandidaat by.
It Europeeske agintskip wol 25 astronauten opliede om “gear te wurkjen mei besteande astronauten, no’t Europa in nij tiidrek fan romteferkenning yngiet.” Mar in stikmannich sil in fêst kontrakt krije, de rest foarmet in reserve. Op syn betiidst yn 2025 wolle de ESA en de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA bemanne moannereizen útfiere en mooglik ek reizen nei Mars.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje