Grykske plysje fynt stellen wurken fan Mondriaan en Picasso werom

juny 30, 2021 08:54 Fernijd

De Grykske plysje hat twa stellen skilderijen fan Piet Mondriaan en Pablo Picasso weromfûn. It giet om wurken dy’t yn 2012 út in museum yn Atene ûntnadere waarden.

De skilderijen, Picasso’s ‘Cabeza de mujer’ út 1939 en it oaljeferveskilderij ‘Molen’ fan Mondriaan yn 1905, waarden op 9 jannewaris 2012 nachts út it museum stellen. Njonken de wurken fan Picasso en Mondriaan waard in skets fan de Italiaanske keunstner Guglielmo Caccia stellen. De skets waard letter skansearre weromfûn. In fjirde wurk, ‘Landschap’ (1905) fan Mondriaan, moasten de dieven by it útnaaien efterlitte.

De ynbrekkers laten de bewekkers om ’e tún troch it alaarmsysteem ferskate kearen ôfgean te litten foar de ynbraak. Dêrtroch setten de bewekkers it alaarm út. Yn sân minuten wisten de dieders fia in balkondoar yn te brekken, de keunstwurken út it ramt te snijen en se mei te nimmen. Twa manlju waarden feroardiele foar de roof, mar wa’t it masterbrein efter de roof wie, is nea opheldere.

De wurken binne weromfûn yn Keratea yn it distrikt East-Attika, besuden Atene. Se leine ferstoppe yn it hûs fan in man. De plysje hat fierder gjin details nei bûten ta brocht. It is ek net dúdlik yn hokker steat de skilderijen ferkeare.

juny 30, 2021 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.