Gerard van Klaveren – ‘Bestemming Reykjavik’
Resint ferskynd
Takom wike ferskynt by útjouwerij Noordboek de roman Bestemming Reykjavik, fan de hân fan Gerard van Klaveren, honorêr konsul fan Yslân, âld-deputearre fan Fryslân en âld-boargemaster fan de gemeenten Weststellingwerf en It Amelân.
As Yslân yn 2008 fallyt driget te gean, nimt it parlemint in needwet oan dy’t derfoar soarget dat Yslânske banken finansieringen oan bûtenlânske partijen iensidich opsizze kinne. Eric Noordeweg, logistyk ûndernimmer yn Rotterdam en eigner fan in frieshûs yn ’e haven fan Reykjavik, wurdt troch dy nije regeljouwing troffen. Hy giet nei Yslân om te besykjen de tûkelteammen mei syn bank út ’e wei te romjen. By dy besite moetet er de Yslanske Lilja, dêr’t er in relaasje mei kriget. Mei troch har kontakten kriget er tagong ta wichtige politisy en de top fan de Yslânske banken.
Tagelyk leit de Rotterdamske fêstiging fan Noordeweg ûnder it fergrutglês fan de NMA, de Nederlandse Mededingingsautoriteit. Dy fertinkt de sektor kuol- en frieshuzen fan it meitsjen fan priisôfspraken. Sil er deryn slagje om it âlde famyljebedriuw oerein te hâlden?
Gerard van Klaveren is sûnt 2003 honorêr konsul fan Yslân. It boek is fiksje, mar foar de beskriuwingen fan de eftergrûn fan de Yslânske krisis hat de auteur him op eigen waarnimmingen basearre en hat er ûndersyksrapporten en publikaasjes riedplachte. De roman jout in bysûnder ynsjoch yn it funksjonearjen fan de Yslânske mienskip yn ’e tiid fan de bankekrisis en bringt de lêzer yn kontakt mei de bysûndere kultuer fan dat lân.
ISBN 978 90 5615 760 9 | papieren omkaft | 224 siden | € 19,90
Bestemming Reykjavik is te keap by de boekhannel en fia www.noordboek.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje